thumb| Wapen fan Wikel It wapen fan Wikel is it wapen fan it doarp Wikel, yn de Fryske gemeente De Fryske Marren. It wapen waard yn 1989 registrearre.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Yn goud in opfleande reade wikel, yn de boppeste skyldhoeken beselskippe mei in roas, alles fan kiel; en in skyldfoet fan sinopel, dêr't in hoarn fan sulver op pleatst is.
De heraldyske kleuren binne: goud, kiel (read), sinopel (grien) en sulver.
Symbolyk
Reade Wikel: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Wijckel. It makket it wapen ek sprekkend. Reade roazen: ek oernommen út it wapen fan de famylje Fan Wijckel. Hoarn: oernommen út it wapen fan Menno fan Coehoorn, dy't de state Meerenstein bewenne. Ek is der in prealgrêf fan Fan Coehoorn yn de Fêste Boarchtsjerke fan Wikel. Gouden fjild: ferwiist nei de sângrûn dêr't it doarp op leit. De kleur is oernommen út it wapen fan Gaasterlân-Sleat, de gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie. Grien fjild: ferwiist nei de polders fan it doarp. De kleur is oernommen út it wapen fan Gaasterlân-Sleat.
Sjoch ek
Wikel Kategory:Wikel (plak)