thumb| Flagge fan Friens De flagge fan Friens is de flagge fan it doarp Friens, yn de Fryske gemeente Ljouwert. De flagge waard yn 1986 registrearre.

By it gemeenteriedsbeslút fan 8 desimber 1985 binne in wapen en flagge fêststeld foar de 18 doarpen fan de eardere gemeente Boarnsterhim.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Twa lingtebanen fan wyt en read, mei de lingteferhâlding fan 2:1; yn de wite baan twa griene takken, skean oer elkoar hinne.

De kleuren komme út it wapen fan Friens.

Symbolyk

Tûken: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Beslinga, dizze famylje komt fan de eardere Beslingastate.

Sjoch ek

Friens Kategory:Friens