thumb|Tabehearren foar it Sagaland-spul Sagaland, ek wol Enchanted Forest, is in selskipsspul ûntwurpen troch Alex Randolph en Samuel Etchie, dat foar it earst útkaam yn 1981, útjûn troch Ravensburger, foar 2 oant 6 spilers. It is in kombinaasje fan de meganiken fan Guozzebrief, Ergerje dysels net, man en Memory. Yn 1982 kaam der in Ingelsktalige ferzje - Enchanted Forest. Yn de rin fan 'e tiid binne der ek ferzjes yn oare talen útkaam.
Spul De kening lit de spilers skatten sykje, dat hja de kroan oernimme sille. Dat betsjut dat hja fan it doarp út, earst útfine moatte wêr't in skat is, dan nei de kening gean om it fynplak rapportearje te kinnen, foardat de kening de avonturiers om in oare skat útstjoerd, en dat allegear sûnder dat in oare spiler harren weromstjoerd nei it doarp. At it in spiler slagget en doch dat trije kear, dan hat er wûn en wurdt er de nije kening.
Wurdearring Sagaland waard yn 1982 wurdeare as Spiel des Jahres.
Kategory:Boerdspul Kategory:Yntroduksje út 1982