thumb| Wapen fan Minnertsgea It wapen fan Minnertsgea is it wapen fan it doarp Minnertsgea, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. It wapen waard yn 2003 registrearre.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Ferdield: I. yn blau in gouden bûne nôtskeaf; II. yn blau in pleatst sulveren seehoarntsje yn in pealfoarm mei de punt nei ûnderen, dêr't trije gouden ieren út komme; in gouden skyldhaad, belein mei in útkommende swarte dûbbele earn, mei reade bekken en tongen; yn it blau in yndreaune gouden punt, belein mei in griene klaver.

De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), goud, sulver, sabel (swart), kiel (read) en sinopel (grien).

Symbolyk

Dûbelkoppige earn: oernommen út it wapen fan de famylje Hermana, dy't twa stinsen bewenne ha yn it doarp. Nôtskeaf: oernommen út it wapen fan Barradiel, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie. Seehoarntsje: oernommen út it wapen fan It Bilt, de gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie. Klaverblêd: symboal foar de lânbou yn de omkriten fan it doarp.

Sjoch ek

Minnertsgea Kategory:Minnertsgea