thumb| Flagge fan Warns De flagge fan Warns is de flagge fan it doarp Warns, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. De flagge waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 2004 registrearre.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
Fjouwer like hege horizontale banen swart-wyt-swart-wyt; in reade broeking mei in lingte fan 2/9 flaggelingte en belein mei in út de flechtkant fan de broeking kommend giel heal anker.
De kleuren komme út it wapen fan Warns.
Symbolyk
Anker: symboal foar de skipfeart. It anker is troch de helte dien om oan te jaan dat fan de grutskalige skipfeart, it rekreaasjefarren noch oer is. Kleurstelling: keazen om oan te sluten by it wapen fan Starum en it wapen fan Nijefurd. De swarte en wite banen wiene bekend fan in wapen dat iuwen bestean hat.
Sjoch ek
Warns Kategory:Warns