thumb| Wapen fan Koartehimmen It wapen fan Koartehimmen is it wapen fan it doarp Koartehimmen, yn de Fryske gemeente Smellingerlân. It wapen waard yn 2013 reigstrearre.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Yn grien in gouden maiskolf, lofts en rjochts beselskippe fan in gouden peal; in weage skyldhaad fan read, belein mei in sulveren kearûb-ingelkopke tusken twa wjukken.
De heraldyske kleuren binne: sinopel (grien), goud, kiel (read) en sulver.
Symbolyk
Gouden peallen: symboal foar de twa kearnen fan it doarp: de boerestreek en Sânbuorren. Kearûb-ingelkopke mei wjukken: oernommen út it gevelstien yn de Tsjerke fan Koartehimmen. Maiskolf: mais is de moderne tsjinhinger fan de rogge dy't dêr eartiidsk ferboud waard. Grien fjild: ferwiist nei de greiden en it bosk yn de omkriten fan it doarp. Read skyldhaad: ferwiist nei de bebouwing fan it doarp. De weagjende râne is in ferwizing nei it rivierke de Drait.
Sjoch ek
Koartehimmen Kategory:Koartehimmen