Otsûn (Armeensk: Օձուն) is in doarp yn it noarden fan Armeenje. De stêd leit yn 'e provinsje Lori.
It doarp leit op in heech plato op'e linkerigge fan'e rivier de Debed. Otsûns bebouwing leit ferspraat en wurdt omjûn troch fruitbeammen en fruchtbere fjilden. It doarp krijt syn drinkwetter fan in boarne dy't 17 oant 18 kilometer fierderop leit.
Tige bekend is de tsjerke fan Otsûn, dy't yn 'e 5e oant 7e iuw boud waard.
Kategory:Plak yn Armeenje