Sanahin (Armeensk: Սանահին) is in stedsdiel fan 'e Armeenske stêd Alaverdi yn 'e provinsje Lori. Earder wie it in apart doarp. It plak is bekend fanwegen it Sanahin-kleaster dat yn 'e 10e iuw stifte waard en mei it Haghpat-kleaster op 'e wrâlderfgoedlist fan UNESCO stiet.
Ferneamde ynwenners Sanahin wie it berteplak fan de bruorren Anastas en Artjom Mikojan. Artjom wie in ferneamde fleantúchûntwerper en mei-oprjochter fan it Mikojan-Goerevitsj (MiG) ûntwerpburo tegearre mei Michael Goerevitsj. Anastas wie in Sovjetsteatsman en lang sittend lid fan it Politburo, bekend om syn rol yn de Sovjet itensyndustry, de-stalinisaasje en ynternasjonale diplomasy, benammen by de Kubaanske Raketkrisis. Anastas Mikoyan: Soviet First Responder and Smiling Diplomat Njonken it Sanahin-kleaster, gean in soad besikers ek nei it Bruorren Mikojan Museum, dat yn it wurk holden wurdt troch famyljeleden fan de famylje Mikojan.
Kategory:Plak yn Armeenje