Earrebarren foarmje in fûgelskaai yn 'e famylje eibertfûgels (Ciconiidae) yn it skift eiberteftigen (Ciconiiformes).

It skaai Ciconia (de "echte" earrebarren) bestiet út acht libbene soarten dy't oer in grut part fan 'e wrâld ferspraat binne. De fûgels steane bekend om harren grutte ôfmjittings, lange poaten en snaffels, en harren fermogen om grutte ôfstannen te fleanen by de trek.

Alle soarten hawwe in kombinaasje fan swarte en wite fearren. De poaten en snaffels binne opfallend kleure yn tinten read, oranje, griis of swart. Oars as reagers fleane earrebarren altyd mei de nekke rjocht foarút útstutsen.

Earrebarren binne fleisiters dy't harren dieet oanpasse oan wat der beskikber is: fan ynsekten, wjirms en kikkerts oant lytse sûchdieren, hagedissen en fisken. In protte soarten briede graach yn 'e buert fan minsken op gebouwen of yn hege beammen, mar der binne ek skrutene soarten, dy't de djipte fan 'e bosken opsykje.

Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding Status/Trend 120px Abdimearrebarre Ciconia abdimii Sub-Sahara Afrika, oerwinteret yn súdlik Afrika net bedrige25pxCiconia abdimii op BirdLife International 120px biskopsearrebarre Ciconia episcopus Súd-Aazje, Súdeast-Aazje net bedrige25pxCiconia episcopus op BirdLife International 120px earrebarre Ciconia ciconia Jeropa, Noard-Afrika, West-Aazje net bedrige25pxCiconia ciconia op BirdLife International 120px Maguari-earrebarre Ciconia maguari Súd-Amearika net bedrigestabylCiconia maguari op BirdLife International 120px Sûnda-earrebarre Ciconia stormi Súdeast-Aazje (Sumatra, Borneo) bedrige25pxCiconia stormi op BirdLife International 120px swarte earrebarre Ciconia nigra Jeropa, Aazje, oerwinteret yn Afrika net bedrigeûnbekendCiconia nigra op BirdLife International 120px swartsnaffelearrebarre Ciconia boyciana East-Aazje (Ruslân, Sina, Koreä, Japan) bedrige25pxCiconia boyciana op BirdLife International 120px wolhalsearrebarre Ciconia microscelis Subsaharaansk Afrika net bedrige25pxCiconia microscelis op BirdLife International

Kategory:Fûgelskaai

Kategory:eibertfûgel