Lûsarat (Armeensk: Լուսառատ) is in doarp yn 'e gemeente Vedi fan 'e provinsje Ararat yn Armeenje. It doarp grinzget oan 'e Armeensk-Turkske grins.
Namme Oant 1968 wie de namme fan it doarp Chor Virap.
Monuminten thumb|left|Chor Virap. By it doarp stiet in monumint fan in Armeenske fedaji (Ֆէտայի) út it begjin fan 'e 20e iuw, in wapene strider dy't as reaksje op 'e massamoarden op Armeenjers en de plonderingen fan Armeenske doarpen troch Koerdyske stammen frijwillich it gebiet tsjin frjemde krêften ferdigene.
Ferneamd is it monumintale Chor Virap-kleaster.
Kategory:Plak yn Armeenje