De Kaatmûne is in swart tarre greidemûne oan 'e Kalverringdijk by de Saanske Skâns yn 'e Noard-Hollânske gemeente Saanstêd.

Eartiids stie it mûntsje yn it Westzijderveld, dêr't it de mûne fan 'e Mennistetsjerke wie en de Kerkepolder bemealle. De bynamme fan 'e mûne is te tankjen oan 'e eardere eigner Piet Kaat. Dy kocht it brekfallige mûntsje yn 1966 om him te restaurearjen en op 'e hjoeddeiske lokaasje op te bouwen.

It mûntsje is mei in waaierpompe útrist en is in gemeentlik monumint.

Kategory:Bouwurk yn Saanstêd Kategory:Mole yn Noard-Hollân