De Wynjeier (offisjeel De Windjager) is in lyts stellingmûntsje yn it Oostzijderveld yn 'e Noard-Hollânske gemeente Eastsaan. It is de iennige mûne, dy't yn it gebiet oerbleaun is.

De mûne stie oarspronklik tichteby it buorskip Het Kalf, dêr't dêr yn 1961 wei moast fanwegen de oanlis fan in grutte wyk. Mûnder Sijbert (Sopke) Vergouw boude de mûne yn 1978 wer op it hjoeddeiske plak op.

De mûne hat nea as in bedriuw wurke, mar kin wol in seachmasine oandriuwe en akku's oplade, dy't brûkt wurde foar de ferljochting yn 'e mûne.

De mûne is allinne oer wetter te berikken. Yn 2018 hat de partikuliere eigner de mûne ferkocht. De Wynjeier is in gemeentlik monumint.

Keppeling om utens fer. De Hollânske Mûne.

Kategory:Mole yn Noard-Hollân Kategory:stellingmole Kategory:Bouwurk út 1978