De Kroasdûker' (offisjeel: De Kroosduiker) is ien fan 'e greidemûntsjes yn 'e Kalverpolder by de Saanske Skâns yn 'e gemeente Saanstêd. It stiet oan 'e eastlike kant fan 'e Kalverpolder west fan 'e Ringdyk. De mûne is útrist mei in waaierpompe en kin mei silen of mei houten buorden útrist wurde. De Kroasdûker is in gemeentlik monumint.
Skiednis Oarspronklik stie it mûntsje by it blauselfabryk fan Westsaan. De greidemûnebouwer Rem út Wormer boude de mûne yn 1933. Mei't de mûne kocht wie troch de famylje Dolman ferhûze it mûntsje nei Harmelen, dêr 't it oan de Alde Ryn in plak krige efter de nôtmûne De Verwachting, dy't yn 1983 ôfbaarnde. Yn 1989 waard de greidemûne oan 'e Saankrite skonken om't de famylje de kosten foar it ûnderhâld net mear opbringe koe.
Nei de ferhûzing nei de hjoeddeiske lokaasje yn 1990 waard der ynearsten net in soad oan ûnderhâld dien. Ein 2010 wie it mûntsje neffens de side fan 'e mûnedatabase yn tige minne steat. Troch ferotting wie bygelyks de sturt der ôfwaaid. Ein 2012 waard it mûntsje hielendal restaurearre en sûnt kin er wer mealle.
Kategory:Bouwurk yn Saanstêd Kategory:Mole yn Noard-Hollân Kategory:poldermole Kategory:Bouwurk út 1933