Het Zwarte Kalf wie in greidemûntsje yn 'e Kalverpolder oan 'e Saanske Skâns yn 'e Noard-Hollânske gemeente Saanstêd. It mûntsje stie 240 m eastlik fan 'De Kat' en wie útrist mei in waaierpompe.
De mûne ferfong in eardere greidemûne, dy't de namme 'Het Kalf' hie. Yn 2006 rekke it mûntsje by in stoarm swier skansearre, mar yn 2009 waard de mûne wer restaurearre. Het Zwarte Kalf stie der lykwols yn 2017 wer brekfallich by en miste doe de wjukken en de kape. In pear jier letter die bliken dat de hiele mûne ferdwûn wie (sitewaasje neffens de site fan 'e Mûnedatabase, oproppen 26 july 2024.)
It greidemûntsje wie in gemeentlik monumint.
Kategory:Bouwurk yn Saanstêd Kategory:Mole yn Noard-Hollân Kategory:Bouwurk út 2000 Kategory:Eardere mole yn Nederlân Kategory:Gemeentlik monumint yn Noard-Hollân Kategory:Bouwurk sloopt yn de 21e iuw