De blauwjuktsjilling (Spatula discors) is in fûgel út de famylje einfûgels (Anatidae). It is ien fan 'e lytsere leden út it skaai slobeinen. De fûgel briedt yn Noard-Amearika fan it suden fan Alaska oant Nij-Skotlân en nei it suden ta oant it noarden fan Teksas. Winterdeis is de fûgel te sjen oan 'e Pasifyske en Atlantyske kusten oant op de Karybyske eilannen en Sintraal-Amearika en it noarden fan Súd-Amearika.
Beskriuwing thumb|left|In blauwjuktsjilling yn it Nasjonaal Faunareservaat Sacramento. De blauwjuktsjilling is 40 sm lang en hat in spanwiidte fan 58 sm en in gewicht fan 370 gr. In folwoeksen jerk hat in griisblauwe kop mei in wite bân yn 'e foarm fan in heale moanne oer it gesicht, in ljochtbrún bealchje mei in wite flek by de stút en in swarte sturt. In folwoeksen wyfke is flekkerich brún en hat by de snaffel in wyt gebiet.
Wyfkes en jerkjes hawwe himelsblauwe dekfearren, grien irisearjende sekundêre slachpinnen en giele poaten. Se ferfearje twaris yn 't jier en yn it earste jier in tredde kear.
Fersprieding It ferspriedingsgebiet bestiet hast út hiel Noard-Amerika, útsein it westen en noarden fan Alaska en de meast noardlike gebieten fan Kanada. De fûgels binne seldsum yn it droege súdwesten en de westlike kust.
Blauwjuktsjillings briede yn sompen en by dobben fan sintraal en eastlik Alaska en it súdlike diel fan Kanada oant it suden fan Kebek en súdwest Newfoundland. Yn 'e oangrinzgjende Feriene Steaten briedt de fûgel fan it noardeasten fan Kalifornje oant sintraal Louisiana, sintraal Tennessee en de Atalantyske kust. De westlike blauwjuktsjillings briede west fan 'e Appalachen. Guon populaasjes briede oan 'e Atlantyske kust fan New Brunswick oant Pea Island yn North Carolina.
Winterdeis migrearje blauwjuktsjillings yn groepen nei it suden. Guon fûgels fleane dan grutte stikken oer it iepen wetter fan 'e oseaan. Ut en troch komme se as dwaalgast nei Europa en de lêste tiid wurde se alle jierren in Grut-Brittanje en Ierlân waarnommen. Ek yn Nederlân wurde se waarnommen, mar yn 'e regel binne dat ûntsnapte eksimplaren. It oerwinteringsgebiet fan 'e einen leit fan súdlik Kalifornje oant westlik en súdlik Teksas, de Golf fan Meksiko oant de Atlantyske kust, de Kariben en nei it suden oant Sintraal- en Súd-Amearika. Regelmjittich wurdt de fûgel sels noch yn Brazylje en Sintraal-Sily waarnommen.
Nêst en iten thumb|left|Pearke blauwjuktsjillings. Blauwjuktsjillings begjinne tusken healwei april en healwei maaie te brieden, ôfhinklik fan it waar somtiden ek wat letter. It nêst wurdt tusken de fegetaasje op 'e grûn yn in ûndjip kûltsje boud en mei wat gers en dûns ôfset. Der wurde 10 oant 12 aaien lein, mar as se wat letter briede dan bestiet in nêst mar út fiif oant seis aaien. It oantal aaien hinget ek ôf fan 'e âlderdom fan it wyfke; jonge fûgels ha yn 'e regel lytsere nêsten. Nei 21 oant 27 dagen komme de aaien út. Al tolve oeren nei it útkommen fan 'e aaien kinne de einepykjes nei it wetter rinne, mar se fleane pas nei 6 oant 7 wiken.
De einen sykje it iten op 'e dridze, op it fjild of yn ûndjip wetter, dêr't driuwplanten of planten krekt ûnder it wetteroerflak groeie en dat ryk is oan lytse wetterdierkes. Likernôch in fearn fan it iten bestiet út weakdierkes, skaaldierkes en ynsekten.
Status De wrâldpopulaasje wurdt op sa'n 7.800.000 fûgels rûsd en oannommen wurdt dat it oantal tanimt. Dêrnjonken hat de soarte in tige grut ferspriedingsgebiet. De soarte wurdt dêrfandinne troch IUCN as net bedrige klassifisearre.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Slobein Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Anguilla Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bonêre Kategory:Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn Grenada Kategory:Lânseigen fauna yn Grienlân Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Kurasau Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Saba Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Eustasius Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname