De Kaapske slob (Spatula smithii) is in fûgel út it skaai slobeinen (Spatula) yn 'e famylje einfûgels (Anatidae).

Beskriuwing thumb|left|Pearke Anas smithiineffens Andrew Smith. Folwoeksen fûgels binne 51 oant 53 sm lang en ha in flekkerich griisbrún fearrekleed en oranje poaten. Lykas by in soad einen op it súdlike healrûn lykje jerkjes en wyfkes op in oar, mar it jerkje hat in ljochtere kop as it wyfke, ljochtblauwe dekfearren dy't fan in wite râne fan 'e griene spegel skieden wurdt. Fierder hat it mantsje giele eagen. De dekfearren fan it wyfke binne griis en de eagen donkerbrún.

Fersprieding De Kaapske slob komt allinne yn it suden fan Afrika foar. De fûgels libje yn iepen sompen, wiet gerslân of sompen mei wat opkommende fegetaasje. De fûgel is in stânfûgel mar kin wol nomadysk yn syn ferspriedingsgebiet wêze.

Nêst It nêst fan 'e soart leit altiten yn 'e buert fan wetter en wurdt yn in ûndjippe kûle op 'e grûn boud. It is ôfset mei dûns en der wurde 6 oant alve aaien yn lein. Bûten de briedtiid is de Kaapske slob in sosjale fûgel en dan kin er grutte groepen foarmje.

Iten De Kaapske slob siket iten yn ûndjip wetter troch mei syn snaffel hinne en wer te swyljen. Njonken plantaardich materiaal yt de ein ek weakdieren en ynsekten.

Status De populaasje bestiet út sa'n 13000 oant 33000 folwoeksen fûgels en is net bysûnder grut. Dochs liket it oantal fûgels ta te nimmen en is der sprake fan in grut ferspriedingsgebiet. Dêrfandinne wurdt de fûgel troch de IUCN as net bedrige klassifisearre.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Slobein Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania