De wytwjukboskein (Asarcornis scutulata) is in grutte ein út de famylje einfûgels (Anatidae). De fûgel wurdt mei útstjerren bedrige en de populaasje bestiet út likernôch 1.000 fûgels.
Bekriuwing thumb|left|In wytwjukboskein yn finzenskip yn it Sylvan Heights Waterfowl Park yn Scotland Neck, North Carolina. De fearren fan 'e 66 oant 81 sm grutte wytwjukboskein binne foar in grut part brún. De kop en de hals ha wite flekken, by wyfkes binne dy flekken tichter as by jerken. De tichtsleine wjukken binne brún mei wite dielen, mar as de wjukken iepen binne dan oerhearsket it wyt. Dêrfandinne ek de namme wytwjuboskein.
Wytwjukboskeinen ferfearje yn septimber of oktober en de fûgels kinne dan lykas de measte grute einesoarten net fleane. Yn it Nasjonale Park Dibru-Saikhowa yn Assam (Yndia) libbet in beskerme populaasje fan 'e wytwjukboskein.
Fersprieding Oarspronklik libbe de wytwjukboskein yn in grut gebiet fan noardeastlik Yndia en Bangladesj oant Súdeast-Aazje en Java en Sumatra.
De einesoarte libbet yn 'e tropysk bosk by stilsteand of stadich streamend wetter. De fûgel hat in foarkar foar leechlân under 200 m, mar komt somtiden ek heger foar op plato's mei dobben of stadich streamende rivieren.
De fûgels binne fral aktyf by it lemieren en skimerjen en ite planten, sied, fisk, slakken, spinnen en ynsekten.
Fuortplanting Wytwjukboskeinen briede oan 'e ein fan 'e drûge tiid. It nêst wurdt yn holtes fan beammen op in hichte fan 3 oant 12 m boppe de grûn boud. It wyfke leit oant 16 aaien en de briedttiid duorret 33 dagen. Om it oanbrekken fan 'e reintiid hinne komme de aaien út en de piken wurde dan noch 14 dagen troch de âlders fersoarge.
Status Fanwegen it biotoopferlies troch minsklike aktiviteit wurdt de ein mei útstjerren bedrige. De wylde populaasje is fragmintearre en dramatysk sakke en it oantal fûgels bliuwt tebekrinnen troch de grutskalige ferneatiging fan bosk en wiete gebieten. Yn ferskillende dielen fan it ferspriedingsgebiet is de wytwjukboskein al útstoarn, lykas Java en Maleizje en ek yn Laos wurde gjin waarnimmings mear dien. De populaasjes dy't der noch binne, besteane heechút út in pear hûndert fûgels. De fûgel is bysûnder gefoelich foar de kap fan âlde beammen, dy't nedich binne foar it bouwen fan de nêsten. Rûsd wurdt dat der noch sa'n 1.000 eksimplaren binne en de fûgel wurdt troch de IUCN as krityk bedrige klassifisearre.
Sunt 2013 wurdt der troch it European Endangered Species Programme ta behâld fan 'e wytwjukboskein yn hiel Europa in fokprogramma byholden.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Einfûgel Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje