De Hottentottsjilling (Spatula hottentota, synonym: Anas hottentota) of blausnaffeltsjilling is in lytse einfûgel yn it easten en suden fan Afrika en op Madagaskar.

Namme De namme Hottentottsjilling wurdt troch autoriteiten noch altiten brûkt, mar yn guon talen is de namme fan 'e soarte feroare, om 't it wurd 'hottentot' misledigjend wêze soe foar de Khoisanfolken yn it suden fan Afrika, dy't troch Europeanen eartiids hottentotten neamd waarden.

Beskriuwing thumb|left|Hottentottsjilling yn Gauteng, Súd-Afrika. It likernôch 34 sm lange eintsje is skraach grutter as ien fan 'e dwercheinesoarten en hat in donkerbrune krún, wylst it gesicht, de kiel en de wangen bleek binne mei by it ear in swarteftich gebiet. It boarst is ek bleek mei donkere flekken, dy't by jerken nei de flanken ta minder te ûnderskieden binne, mar by wyfkes oant de sturt fierder geane. De skouders en de sturt binne donkerbrún oant swart. De wjuk is boppe ek swarteftich en de dekfearren hawwe in griene glâns. De wjukspegel is irisearjend grien en wurdt fan in swarte en wite bân ôfletten. De ûnderwjukken binne ljocht. De iris is brún, de poaten binne blaugriis en de snaffel is ljochtblau mei boppe in swart streek yn 'e midden.

Der binne gjin grutte ferskillen tusken jerkjes en wyfkes.

Fersprieding Hottentoteinen komme yn in grut part fan it suden en easten fan Afrika foar. Fierder is der in westlike populaasje yn it grinsgebiet fan Nigearia mei Niger. It biotoop wurdt foarme troch ûndjippe sompen, beken, lytse marren en fivers mei omseame rânen fan reit of papyrus en in soad driuwplanten.

De populaasjes fan Madagaskar en it west fan it ferspriedingsgebiet binne stânfûgels. Op oare plakken is de ein as reaksje op feroarjende wetterstannen in trekfûgel oer koarte ôfstannen.

Nêst thumb|250px|Spatula hottentota mei de gruttere Anas capensis. Se briede ôfhinklik fan 'e reintiid yn it hiele jier troch. Nêsten wurde boppe it wetter yn beammestronken of tusken fegetaasje boud. De piken ferlitte nei it útkommen it nêst en de soarch fan it wyfke foar har piken is beheind ta it beskermjen tsjin rôfdieren en se nei plakken mei genôch iten te bringen. Hottentottsjillings ite planten en lytse wetterdierkes.

It nêst bestiet út seis oant njoggen krêmkleurige aaikes, dy't yn 25 oant 27 dagen útbret wurde. De soarte libbet yn pearkes en heechút yn lytse groepkes.

Hottentottsjillings yn Europa Tusken 1929 en 1935 binne der foar it earst Hottentottsjillings yn Europa ynfierd. De earste slagge fok fûn yn 1938 yn Grut-Brittanje plak. De fûgels waarden yn 'e jierren 1950 en 1960 in soad út it wyld wei fongen om nei Europa te ekportearjen, dêr't partikulieren se as sierein holden. Hjoed-de-dei is der in stabile populaasje fan fokte Hottentoteinen en somtiden binne se ek in tropyske hallen fan Europeeske dieretunen te sjen.

Status De hottentottsjilling wurdt troch IUCN as net bedrige klassifisearre. In bedriging foar de eintsjes foarmet lykwols de degradaasje fan harren biotoop. In bettere beskerming fan wiete gebieten mei syn fegetaasje en de beheining fan 'e jacht helpe de soarte yn stân hâlden.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Slobein Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn de Komoaren Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Lânseigen fauna yn Majot Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn de Seysjellen Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda