De Souvenir Henri Desgrange is in spesjale priis yn de Omgong fan Frankryk dy't sûnt 1947 jierliks útrikt wurdt en neamd is nei Henri Desgrange, de earste direkteur fan de omgong. De priis wurdt útrikt oan de hurdfytser dy't as earste (yn de etappe) in foarôf bepaald punt yn de omgong berikt. Yn 1947, yn de earste Tour nei it ferstjerren fan Henri Desgrange yn 1940, wie dit Desgrange's lêste residinsje, "Villa Mia" yn Beauvallon, Grimaud, oan de Côte d'Azur. Yn de earste etappe fan de 1948 Omgong, wie dit de top fan de Côte de Picardie yn Versailles by Parys.
Yn 1949 is der in monumint foar Henri Desgrange oprjochte by de súdlike tagong fan de tunnel by de Col du Galibier yn de Alpen, syn favorite en ien fan de meast ikoanyske beklimmingn yn de Omgong fan Frankryk. Fan 1952 ôf en alle jierren sûnt 1965 is it markearingspunt foar de priis by it monumint op de Galibier as dy diel útmakket fan de omgong, yn oare gefallen meastal it "dak fan de Omgong": it heechste punt (boppe seenivo) dat berikt wurdt.
Yn de Omgong fan 1963 waard der gjin award útrikt, mar oan de ein fan de Ronde wie der in spesjale "Desgrange-priis" foar de hurdfytser dy't it bêste riden hie mei "de holle en de fuotten".
Jier Plak/berch Winner 1947 BeauvallonHûs fan nammejouwer Henri Desgrange Raymond Impanis 1948 Versailles Roger Lambrecht 1949 Beauvallon Paul Giguet 1950 Lautaret Jean-Apotre Lazarides 1951 Lautaret Gino Sciardis 1952 Galibier Fausto Coppi 1953 Beauvallon Claude Colette 1954 Galibier Federico Bahamontes 1955 Beauvallon André Darrigade 1956 CysoingOp it punt dêr 't de 200.000 kilometer berikt waard yn alle Omgongen mei-inoar. Pierre Pardoen 1957 Beauvallon Jean Stablinski 1958 Lautaret Piet van Est 1959 Galibier Charly Gaul 1960 Lautaret Jean Graczyk 1961 Ballon d'Alsace Joseph Planckaert 1962 Lautaret Juan Campillo 1963 Oan 'e ein fan de Omgong waard in spesjale Desgrange-priis takend oan de foar de hurdfytser dy't it bêste riden hie mei "de holle en de fuotten", te witten Jacques Anquetil 1964 Beauvallon André Darrigade 1965 Lautaret Francisco Gabica 1966 Galibier Julio Jimenez 1967 Galibier Julio Jimenez 1968 Aravis Barry Hoban 1969 Lautaret Eddy Merckx 1970 AubisqueNeffens oare boarnen de Soulor, letter yn deselde etappe Raymond Delisle 1971 Côte de Dourdan Wilmo Francioni 1972 Galibier Joop Zoetemelk 1973 Galibier Luis Ocaña 1974 Galibier Vicente López Carril 1975 Télégraphe Luis Balage 1976 Lautaret Luciano Coniati 1977 Tourmalet Lucien Van Impe 1978 Sainte-Marie-de-Campan Christian Seznec 1979 Galibier Lucien Van Impe 1980 Galibier Johan de Muynck 1981 LandesFanwege stellerij fan de banner op it markearpunt yn etappe 1 a yn Nice waard de lokaasje ferpleatst nei etappe 7 yn de bosk fan Landes Theo de Rooij 1982 Aubisque Beat Breu 1983 Tourmalet José Patrocinio Jiménez 1984 Galibier Francisco Rodríguez 1985 Tourmalet Pello Ruiz Cabestany 1986 Galibier Luis Herrera 1987 Galibier Federico Muñoz 1988 Tourmalet Laudelino Cubino 1989 Galibier Gert-Jan Theunisse 1990 Tourmalet Miguel Angel Martinez 1991 Tourmalet Claudio Chiappucci 1992 Galibier Franco Chioccioli 1993 Galibier Tony Rominger 1994 Tourmalet Richard Virenque 1995 Tourmalet Richard Virenque 1996 AubisqueDe Souvenir Henri Desgrange soe oarspronklik op de Galibier lizze moatte, mar de bewuste etappe waard ynkoarte, wêrtroch 't de Galibier net oandien waard, en de priis waard nei de folgjende etappe ferpleatst. Neil Stephens 1997 Port d'Envalira Richard Virenque 1998 Galibier Marco Pantani 1999 Galibier José Luis Arrieta 2000 Galibier Pascal Hervé 2001 Madeleine Laurent Roux 2002 Galibier Santiago Botero 2003 Galibier Stefano Garzelli 2004 Madeleine Gilberto Simoni 2005 Galibier Alexander Vinokourov 2006 Galibier Michael Rasmussen 2007 Galibier Mauricio Soler 2008 Galibier De winner fan de priis de Dútske hurdfytser Stefan Schumacher, waard posityf befûn op it brûken fan doping, syn resultaten en prizen fan 2008 waarden skrast. 2009 Grutte Sint-Bernard De winner fan de priis de Italjaanske hurdfytser Franco Pellizotti, waard posityf befûn op it brûken fan doping, syn resultaten en prizen fan 2009 waarden skrast. 2010 Tourmalet Andy Schleck 2011 Galibier Andy Schleck 2012 Croix de Fer Fredrik Kessiakoff 2013 Port de Pailhères Nairo Quintana 2014 Izoard Joaquim Rodríguez 2015 Col d'Allos Simon Geschke 2016 Port d'Envalira Rui Costa 2017 Galibier Primož Roglič 2018 Col de Portet Nairo Quintana 2019 Col de l'Iseran Egan Bernal2020Col de la Loze Miguel Ángel López 2021 Port d'Envalira Nairo Quintana 2022 Galibier Warren Barguil 2023 Col de la Loze Felix Gall 2024 Galibier Tadej Pogačar 2025 Col de la Loze Ben O'Connor 2026 Galibier Richard Carapaz
Meafâldige winners
In tal hurdfytsers ha de Souvenir Henri Desgrange 2x as faker wûn.
Namme Totaal Jierren Richard Virenque 3 1994, 1995, 1997 Nairo Quintana 3 2013, 2018, 2021 André Darrigade 2 1955, 1964 Julio Jimenez 2 1966, 1967 Lucien Van Impe 2 1977, 1979 Andy Schleck 2 2010, 2011
Sjoch ek De "Souvenir Jacques Goddet", neamd nei de twadde direkteur fan de omgong, Jacques Goddet, is in gelikense priis dy't sûnt de omgong fan Frankryk 2001 takend wurdt, meastentiids by syn monumint op de Tourmalet.
Kategory:Omgong fan Frankryk Kategory:Frânske sportpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1947