De Hondsrug is in nôtmûne yn Weerdinge, in buorskip yn 'e Drintske gemeente Emmen.

Skiednis De earste mûne fan Weerdinge waard yn 1863 boud en baarnde yn 1870 ôf. De werbou folge fuort dêrnei oant yn 1903 de mûne fannijs ôfbaarnde. Yn 1910 waard de mûne mei materiaal fan in ôfbrutsen poldermûne út it Grinslânske Farmsum wer opboud.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich dûkte yn 'e simmer fan 1944 in pear dagen in Amerikaanske piloat yn 'e mûne ûnder, nei't dy by Hannover út de loft sketten wie en mei syn kompas yn 'e nachten nei Nederlân rûn, dêr't de ûndergrûnske him fierder holp.Side fan Drinte, oproppen 2 july 2024.

Yn 1945 bruts in roede fan 'e mûne en rekke de mûne bûten gebrûk.

De mûne waard yn 1987 yn opdracht fan in partikulier wer restaurearre. By dy restauraasje krige de mûne foar it earst in namme en waard de mûne ferneamd nei de heuvelrêch fan 'e krite. De namme fan 'e mûne stiet op 'e burd mei de jiertallen 1905 en 1987.

Beskriuwing De mûne hat âldhollânsk ophekte roeden mei silen en in lingte fan 22 m. De mûne is mealree en wurdt út en troch troch frijwilligers oan it wurk set.

Keppeling om utens Mûnedatabase

Kategory:Bouwurk út 1905 Kategory:Ryksmonumint yn Emmen Kategory:Mole yn Emmen (gemeente) Kategory:Nôtmole Kategory:Bultmole