It kabinet-Schoof wie fan 2 july 2024 oant 23 febrewaris 2026 it kabinet fan Nederlân. It is nei de Twadde Keamerferkiezings fan 2023 foarme troch in koälysje fan de partijen PVV, VVD, NSC en BBB.

Dick Schoof (partijleas) wie de premier, fise-premiers wiene Fleur Agema (PVV), Sophie Hermans (VVD), Eddy van Hijum (NSC) en Mona Keijzer (BBB).

Sûnt 3 juny 2025 wie it kabinet as demisjonêr minderheidskabinet nei't de PVV út de koälysje besleat te stappen nei't er spul ûntstie oer asylmaatregels. Op 22 augustus 2025 nei't Caspar Veldkamp opstapte, stapten ek alle oere NSC-bewâldslju út it kabinet wei.

Ministearjes It kabinet-Schoof hat 16 ministearjes (waarnimmers wurde net neamd):

MinistearjeMinisterMinister sûnder portefúljeSteatssekretaris Ministearje fan Algemiene Saken Dick Schoof (U)¹ n.f.t. Ministearje fan Asyl en Migraasje David van Weel (VVD) (wie Marjolein Faber (PVV)) n.f.t. Ministearje fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes Frank Rijkaart (BBB) (wie Judith Uitermark (NSC)) Zsolt Szabó (PVV) oant 3 juny 2025, Eddie van Marum (BBB) Ministearje fan Bûtenlânske Saken David van Weel (VVD) (wie Caspar Veldkamp (NSC)) Caspar Veldvamp (NSC) oant 19 juny 2025 (wie Reinette Klever (PVV)) Aukje de Vries (VVD) (wie Hanneke Boerma (NSC)) Ministearje fan Definsje Ruben Brekelmans (VVD) Gijs Tuinman (BBB) Ministearje fan Ekonomyske Saken Vincent Karremans (VVD) (wie Dirk Beljaarts (PVV)) n.f.t. Ministearje fan Finânsjes Eelco Heinen (VVD) Eugène Heijen (BBB) (wiene Tjebbe van Oostenbruggen (NSC) en Folkert Idsinga (NSC))), Nora Achahbar (NSC)) oant 15 novimber 2024, Sandra Palmen (NSC, U) Ministearje fan Folkshúsfêsting en Romtlike Oardering Mona Keijzer (BBB) Ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport Jan Anthonie Bruijn (VVD) {wiene Daniëlle Jansen (NSC) en Fleur Agema (PVV)) Nicki Pouw-Verweij (BBB) (wie Vicky Maeijer (PVV)), Judith Thielen (VVD) (wie Vincent Karremans (VVD)) Ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat Robert Tieman (BBB) (wie Barry Madlener (PVV)) Thierry Aartsen (VVD) (wie Chris Jansen (PVV)) Ministearje fan Justysje en Feiligens Foort van Oosten (VVD) (wie David van Weel (VVD)) Arno Rutte (VVD) (wie Teun Struycken (NSC)), Ingrid Coenradie (PVV) Ministearje fan Klimaat en Griene Groei Sophie Hermans (VVD) Ministearje fan Lânbou, Fiskerij, Itenswissigens en Natuer Femke Wiersma (BBB) Jean Rummenie (BBB) Ministearje fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid Mariëlle Paul (VVD) (wie Eddie van Hijum (NSC)) Jurgen Nobel (VVD) Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip Gouke Moes (BBB) (wie Eppo Bruins (NSC)) Koen Becking (VVD) (wie Mariëlle Paul (VVD)) ¹ Dick Schoof jout as minister-presidint lieding oan it ministearje fan Algemiene Saken.

Ministers sûnder takeparket Bûtenlânske Hannel en Untwikkelingshelp (ûnder BZ) - Caspar Veldvamp (NSC) oant 19 juny 2025 (wie Reinette Klever (PVV))

Sjoch ek List fan Nederlânske ministearjes

Schoof Kategory:Organisaasje oprjochte yn 2024 Kategory:Organisaasje opheft yn 2026