Femke Wiersma (Dokkum, 29 desimber 1984)Wiersma (BBB) over kabinetsplannen: “Niet altijd goed nagedacht over uitwerking en financiën”, omropfryslan.nl, 13 maaie 2023 is in Nederlânske politika út namme fan de BoerBurgerBeweging (BBB). Sy wennet yn Holwert (2024). Sûnt 2 july 2024 is sy minister fan Lânbou, Fiskerij, Itenswissigens en Natuer. Dêrfoar wie sy fan 19 july ôf 2023 deputearre fan de provinsje Fryslân. Ruime meerderheid voor de vijf gedeputeerden, maar ook grote zorgen over provinciale financiën, omropfryslan.nl, 19 july 2023
Biografy Wiersma waard yn 1984 berne yn Dokkum en waard oplaat by de Keninklike Marine. Sy foltôge de oplieding maatskiplik wurk yn 2007, en wurke dêrnei as amtner. Sie, Puck, Vechter voor het gevestigde veehoudersbelang. Het Financieele Dagblad. 26 juny 2024.
Wiersma wie oant har funksje as beliedsmeiwurker fan de BBB-Twadde Keamerfraksje beliedsadviseur by de Nederlandse Melkveehouders Vakbond. Wiersma stie by de Twadde Keamerferkiezings 2021 efter listlûker Caroline van der Plas as twadde op de BBB-kandidatelist en helle doe 25.588 foarkarstimmen.
Yn 'e Provinsjale Steateferkiezingen fan 16 maart 2023 wûn BBB fjirtjin sitten yn Fryslân Kandidaat Femke Wiersma (BBB) over hoe het nu verder moet Omrop Fryslân, 16 maart 2023 en krige Wiersma 8.206 foarkarstimmen. BBB-lijstduwer Femke Wiersma uit Holwert grootste stemmenkanon bij Statenverkiezingen: haalt 8206 stemmen Leeuwarder Courant, 23 maart 2023 Op 13 july 2023 waard it kolleezjeprogramma fan BBB mei it CDA, ChristenUnie en de Fryske Nasjonale Partij presintearre en wêryn 't Wiersma ferantwurdlik waard foar lânbou, FPLG (Frysk Programma Landelijk Gebied) en erfgoed. Fryslân heeft het jongste college van Gedeputeerde Staten van Nederland: dit zijn ze, omropfryslan.nl, 13 july 2023Friese politiek zet komende jaren in op landbouw, woningbouw en de lelylijn, omropfryslan.nl, 13 july 2023BBB'er Femke Wiersma beoogd landbouwgedeputeerde in Friesland Nieuwe Oogst, 13 july 2023
Op 2 july 2024 waard Wiersma beneamd ta minister fan Lânbou, Fiskerij, Voedselzekerheid en Natuur. Se lei de amtseed ôf yn it Frysk.
Persoanlik libben Wiersma die yn 2010 mei oan Boer zoekt Vrouw en wenne in skoft yn Abcoude mei Gijsbert Bakhuisen. Sy wiene troud fan 2016 oant 2019. Sûnt is se allinnichsteande mem fan fjouwer bern.De Hofkar, 28 febrewaris 2023 ©PowNed Yn de simmer fan 2023 die se mei oan it tf-programma De Slimste Mens.
Kategory:Frysk politikus Kategory:BBB-politikus Kategory:Frysk deputearre Kategory:Nederlânsk minister fan Lânbou Kategory:Holwert Kategory:Persoan berne yn Dokkum Kategory:Persoan berne yn 1984