De Sint-Willibrordustsjerke is in roomsk tsjerkegebou yn it Grinslânske doarp Ter Apel.
Skiednis De neogoatyske tsjerke waard yn 1880 neffens in ûntwerp fan Alfred Tepe. De tsjerke waard yn 1924 troch Wolter te Riele útwreide. Te Riele's útwreiding hat bredere sydskippen.
De Willibrordustsjerke is in trijeskippige halletsjerke, wat betsjut dat de sydskippen like heech binne as it middenskip.
Ynrjochting Yn it koer stiet it orizjinele houten heechalter út Münster. De brânskildere ramen binne fan Heinrich Geuer út Utert.
Yn 'e tsjerke binne yn 'e jierren 1982-1985 13 brânskildere ramen set út de ôfbrutsen katedraal fan Grins oan it Broerplein. De ramen binne oarspronklik makke yn Roermond en Münster.
Oargel It tsjerkeoargel is oarspronklik yn 1891 troch John Nicholson foar de eardere St. Saviour's Anglican Church yn Reading boud. Yn 1992 ferhûze it oargel nei de Sint-Liudgertsjerke fan Lichtenvoorde. Doe't dy tsjerke yn 2002 sletten waard, restaurearre F.R. Feenstra út Gruttegast it oargel en boude it yn Ter Apel wer op. Yn 'e rin fan 'e skiednis is der hast neat oan it oarspronklike oargel feroare.
Keppeling om utens Side F.R. Feenstra: disposysje en oargel tsjerke.
Kategory:Ter Apel Kategory:Tsjerkegebou yn it bisdom Grins-Ljouwert Kategory:Tsjerkegebou yn Westerwâlde (gemeente) Kategory:Bouwurk út 1880