Stasjon Wierden (Wdn) is in spoarweistasjon yn it doarp Wierden yn de gemeente mei deselde namme yn de provinsje Oerisel. It waard iepene yn 1881 oan it spoar fan Swol nei Almelo, yn 1888 kaam dêr ek noch it spoar fan Dimter nei Almelo by.
Gebou It oarspronklike spoarweistasjon fan Wierden wie in unyk ûntwerp. It lege bouwurk bestie út in relatyf lang stasjonsdiel en in wenning dy't heaks op it spoar stie. De wenning krige in souderferdjipping en in opfallend, oan trije siden mei houtsnijwurk dekorearre, puntdak.
It stasjon waard yn 1965 ferfongen troch in nij gebou bekend as Standerttype Douma fan de hân fan arsjitekt Cees Douma. Nei't yn 1997 de NS it loket foar de kaartferkeap slúte, is it gebou yn gebrûk naam as kafetaria. Koart nei de iuwwiksel is oan de rjochterkant in nij sletten fleugel boud dat oanslút op de besteande bakstiennen muorre. Ek oan de perronkant komt in útbou. Yn 2015 is de gevel oan de strjitkant flink útboud en heucht allinnich de muorre mei keunstwurk oan it oarspronklike ûntwerp fan Cees Douma.
Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster 7000 Sprinter (NS) Apeldoarn – Dimter – Wierden – Almelo – Hengelo – Ynskedee In healoeretsjinstRS 237900Sprinter (Keolis)Swol – Almelo – Wierden – Hengelo – Ynskedee
Wierden Kategory:Bouwurk yn Wierden Kategory:Bouwurk út 1879