Wierden (Nedersaksysk: Wierdn) is in doarp yn en it haadplak fan de gemeente mei deselde namme yn de Nederlânske provinsje Oerisel. It doarp Wierden hat 15.085 ynwenners (2023).
Lizzing Wierden leit op de Sallânske Heuvelrêch bewesten fan de stêd Almelo en benoarden it doarp Enter; súdwestlik leit de stêd Rijssen en westlik it doarp Nijverdal; it doarp Vriezenveen leit benoarden Wierden.
Ferkear en ferfier Wierden is berikber fia de N35 en de N36 en fierder is der in treinstasjon, stasjon Wierden oan it Spoar fan Dimter nei Almelo, en it Spoar fan Swol nei Almelo.
Kultuer en toerisme Wierden wurdt omjûn troch de Dakhorst en it Wierdense Veld. Oan it suden fan it doarp leit it wetterwingebiet Dakhorst dat ek tsjinst docht as wetterbuffer. Dêr komme in soad fûgels op ôf. It Wierdense Veld is ien fan de lêste oerbleaune heechfeangebieten yn Nederlân. It wide, mar tagelyk ôfwikseljende lânskip strekt him út oer in oerflakte fan 420 bunder en befettet noch in stik libjend heechfean.
Kategory:Plak yn Wierden