De hadada-ibis (Bostrychia hagedash) is in fûgelsoarte út 'e famylje ibissen en leppelbekken (Threskiornithidae) dy't besuden de Sahara yn Afrika libbet. De namme "hadada" is in onomatopee (klankneibearing) basearre op it lûd dat dizze fûgel makket.

Beskriuwing thumb|left|De fûgel yn it Krugerpark, Súd-Afrika. De hadada-ibis is 65 oant 76 sm lang en weecht likernôch 1250 gram. De fûgel is (ôfhinklik fan 'e ûndersoarte) griis oant grien. De snaffel is griis en read en fan 'e snaffel rint oant ûnder it each in opfallende wite streek. De wjukken hawwe in brûnskleurige en pearse glâns.

De fûgel makket fral by it lemieren fan 'e dei en de skimerjûn in hurd en rau lûd, dat as 'ha-da-ha' giet. Dêrfandinne de namme fan 'e ibis.

Fersprieding en systematyk De hadada-ibis komt yn in grut part fan Afrika foar yn in biotoop dat bestiet út bosk oan rivieren en streamkes en wiet gerslân. Fierder is de fûgel op wiete kultuergrûn te sjen. De hadada-ibis siket yn pearkes of lytse groepkes nei wringeleaze dierkes.

De soarte is te ferdielen yn trije ûndersoarten: Bostrychia hagedash nilotica (Sûdan en Etioopje oant yn it noardwest fan Kongo-Kinsjasa en Uganda en it noardwest fan Tanzania) Bostrychia hagedash brevirostris (Senegal en Kenia oant yn Sambia en it noarden fan Mozambyk. Bostrychia hagedash hagedash (súdlik Afrika).

Status De hadada-ibis hat in grut ferspriedingsgebiet en nimt nei alle gedachten yn oantal ta. Dêrom stiet de fûgel op 'e Reade list fan 'e IUCN as 'net bedrige' klassifisearre.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Afrikaanske griene ibis Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda