De griene ibis (Mesembrinibis cayennensis) is in fûgel út de famylje ibissen en leppelbekken (Threskiornithidae). It is de iennige soarte yn it skaai Mesembrinibis.

Beskriuwing thumb|left|Griene ibis yn Pantanal (Brazylje). De griene ibis is in skoue, middelgrutte fûgel mei koarte poarten en in lange, kromme snaffel. De fûgel is 45 oant 60 sm lang en 700 oant 890 gram swier. Mantsjes en wyfkes binne yn 'e fearren allyk, mar mantsjes binne wat grutter as wyfkes.

Folwoeksen fûgels binne donkergrien oant swart en ha in brûnskleurige oant griene glâns mei yn 'e nekke smaragdgriene fearkes. De fûgels hawwe in neaken griis gesicht, in ljochtgriene oant griisgriene snaffel en poaten fan 'e selde kleur.

Jonge fûgels binne doffer en donkerder fan kleur.

Fersprieding De soarte komt fan Hondoeras oant súdeastlik Brazylje en de meast noardeastlike hoeke fan Argentynje foar. Griene ibissen komme dêr yn boskeftige sompen foar en oan rânen fan rivieren en wurde yn 'e regel allinne of yn pearkes sjoen. Yn 'e drûge tiid wol de fûgel wol migrearje.

Status Neffens Birdlife International wurdt de populaasje op 50.000 oant 500.000 folwoeksen fûgels rûsd. It ferspriedingsgebiet is grut en ek de populaasje is noch grut genôch. De fûgel hat op de Reade list fan IUCN de status fan 'net bedrige'.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wylpreagerfûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama