De kanieldo (Columba larvata of Aplopelia larvata) is in fûgel út 'e famylje fan dowen (Columbidae).

Beskriuwing De kanieldo is in 25 oant 29 sm lange do, wêrfan de sturt 9,1 oant 11,7 sm útmakket. De fûgel weaget 146 oant 151 gram. De swarte snaffel is mei 2 oant 2,2 sm yn ferhâlding ta syn lingte lang.

Folwoeksen fûgels ha in wite krún en in wyt gesicht. De wite kleuren geane dêrnei op 'e krún yn in kanielkleur oer. It kin en de kiel binne wyt, dat dêrnei op in ljocht readeftige kanielkleur oergiet. De nekke, hals en de mantel binne donker mei in wat fiolette glâns, dêrby binne fearren fan 'e mantel wat sterker irisearjend as de hals en de nekke. De skouders en de wjukken, de rêch, de stút, de boppekant fan 'e sturt en de middelste twa stjoerfearren binne donker oliifgrien. De bûtenste stjoerfearren binne swartbrún en hawwe brede, grize einen. De flanken en de ûnderwjukken binne readbrún. Under de sturt binne de fearren kastanjebrún. De iris is koraalread, readbrún of fioletread. De poatsjes binne read oant readfiolet. thumb|left|Jonge fûgel. Jonge fûgels binne sterker kastanjebrún as de folwoeksen fûgels. De wjukken en de skouderfearren hawwe oerdwers donkerbrune bannen en roestbrune seamen oan 'e fearren.

Fersprieding Kanieldowen hawwe in grut ferspriedingsgebiet yn Afrika. De fûgels libje yn berchwâlden. Yn it westen en suden fan Afrika komt de fûgel oant in hichte fan 2.100 m foar. Yn Etioopje bewennet de soarte ek bosk oant hichten fan 3.200 m. Kanieldowen binne ôfhinklik fan tichte strewellen, mar is net sinnich en komt ek foar yn sekundêr bosk en op plantaazjes.

Gedrach Kanieldowen binne skouwe fûgels en libje allinne of yn pearkes op 'e grûn. Ut en troch binne yn 'e buert fan fruchtdragende beammen gruttere groepen waar te nimmen. De fûgel siket syn iten op 'e grûn tusken strewellen en falt net op. It iten bestiet út sied en fallen fruchten, dêrnjonken yt de fûgel ek wringeleaze dierkes en ynsekten.

Yn it westen fan it ferspriedingsgebiet briedt de fûgel fan jannewaris oant oktober. Yn Etioopje is de briedtiid tusken maart en april beheind. It nêst wurdt likernôch 2,5 m boppe de grûn fan twigen makke, lykas dat foar fjilddowesoarten typysk is. It lechsel bestiet út twa aaien en selden trije. Nei 10 oant 12 dagen komme de aaien út. De jonge fûgels fleane nei 20 oant 21 dagen út en bliuwe dan noch twa moannen by de âlders.

Undersoarten De kanieldo is te ferdielen yn sân ûndersoarten:

C. l. inornata (Anton Reichenow, 1892): fan Sierra Leone oant Kameroen en Gabon, Bioko en Annobón. C. l. principalis (Gustav Hartlaub, 1866): Prinsipe. C. l. simplex (Gustav Hartlaub, 1849): Sao Tomee. C. l. bronzina (Eduard Rüppell, 1837): súdeastlik Sûdan en Etioopje. C. l. larvata (Coenraad Jacob Temminck, 1809): fan súd Sûdan oant Súd-Afrika C. l. jacksoni (Richard Bowdler Sharpe, 1904): fan eastlik Kongo-Kinsjasa oant westlik Tanzania en noardlik sintraal-Sambia C. l. samaliyae (Charles M. N. White, 1948): Angoala en noadwestlik Sambia.

De ferspriedingsgebieten fan 'e ûndersoarten oerlaapje inoar net en foarmje aparte, net oan inoar grinzgjende gebieten.

Status De fûgel stiet as net bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Hôfdo Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda