Tsutomu Seki (Japansk: Seki Tsutomu; Kōchi, prefektuer Kōchi, 3 novimber 1930) is in Japanske amateur-astronoom. Hy is direkteur fan it Geisei Observatorium yn Geisei en lid fan de kometeseksje fan de Oriental Astronomical Association.

Seki is eins oplaat as konsertgitarist, mar yn de rin fan de jierren hat er him hieltyd mear talein op astronomy, benammen op de syktocht nei kometen. Hy hat oant no ta 34 kometen ûntdutsen, wêrûnder de tige heldere Ikeya-Seki yn 1965, dy 't oerdeis sels sichtber wie njonken de sinne, en de nei him neamde kometen C/1961 (Seki) en C/1967 C 1 (Seki). Hy ûntduts ek 224 asteroïden Minor Planet Discoverers, dêr 't er der in soadfan neamde nei plakken en monuminten yn de prefektuer Katy, lykas (2396) Kochi, (2571) Geisei of (2582) Harimaya-Bashi.

De planetoïde (3426) Seki, ûntdekt troch Karl Reinmuth op de stjerrewacht fan Heidelberg yn 1932, waard nei him ferneamd. Schmadel, Lutz D. (2007). "(3426) Seki". Dictionary of Minor Planet Names – (3426) Seki. Springer Berlin Heidelberg. s. 286. doi:10.1007/978-3-540-29925-7_3426. ISBN 978-3-540-00238-3.

Keppelingen om utens Tsutomu Sekis hiemside A list of minor planets discovered by Tsutomu Seki

Kategory:Japansk astronoom Kategory:Persoan berne yn 1930