Stasjon Grins Noard (Gnn), ek bekend as it Noarderstasjon, is in spoarweistasjon yn de Nederlânske stêd Grins yn de provinsje Grinslân. En waard iepene yn 1884 oan it spoar fan Grins nei Delfsyl.

Gebou It oarspronklike spoarweistasjon fan Grins Noard wie in langliddige stasjonsgebou en hie oan 'e strjitkant in heger middendiel en twa lege wjukken. It gebou hie lykas ferskate soartgenoaten fraaie plafonds yn de hal en wachtkeamers.

It stasjon waard yn 1972 ôfbrútsen omdat begjin jierren ’70 de spoarline lâns de noardlike stedswiken omheech brocht wurdt, om de noardlike stedswiken better berikber te meitsjen fanút de binnenstêd en de âldere stedswiken. It âlde stasjonsgebou waard yn 1974 ferfongen troch in fiadukstasjon. Under it fiadukt komt in stasjonshal mei loketten. De twa sydperronnen binne beide fia twa oerdekte treppehuzen berikber. De perronnen krije lange oerkapingen. Yn 2007 binne de fjouwer treppehuzen fan it Noarderstasjon sletten en ferfongen troch twa nije treppen. Underoan de treppen steane opfallende poarten. Yn de âlde treppehuzen binne ateliers, en de stasjonshal is yn gebrûk as ytgelegenheid. Behalve fia de twa treppen binne de perrons ek te beriken mei twa hellingbanen.

Treinferbinings Searje Treintype Rûte TsjinstroasterRS 437600Stoptrein (Arriva)Grins – Grins Noard – Roodeschool – IemshavenFjouwer of fiif treinen deis fan en nei EemshavenRS 537700Stoptrein (Arriva)Grins – Grins Noard – Delfsyl

Kategory:Bouwurk yn Grins (stêd) Grins Noard Grins Noard Grins Noard Grins Noard