De echte fazantfûgels (wittenskiplike namme: Phasianini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it boppeskift fan 'e goes- en hineftigen (Galloanserae), it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de boppefamylje fan 'e fazantfûgels (Phasianoidea), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae) en de ûnderfamylje fan 'e echte fazanten (Phasianinae). Ta dizze tûke hearre likernôch 25 soarten dy't foarkomme yn Jeropa en Aazje. De echte fazanten waarden foar it earst yn 1821 wittenskiplik beskreaun troch de Amerikaanske ornitolooch Thomas Horsfield. De yndieling waard ûnderstipe troch in nije analyze fan 'e taksonomy fan 'e hineftigen dy't yn 2021 akseptearre waard troch de Ynternasjonale Uny fan Ornitologen (IOU).
Tûke-opbou
tûke echte fazantfûgels (Phasianini) skaai earfazanten (Crossoptilon) blauwe earfazant (Crossoptilon auritum) brune earfazant (Crossoptilon mantchuricum) Tibetaanske earfazant (Crossoptilon harmani) wite earfazant (Crossoptilon crossoptilon) skaai fazanten (Phasianus) fazant (Phasianus colchicus) griene fazant (Phasianus versicolor) skaai hoannefazanten (Lophura) Borneooske fjoerrêchfazant (Lophura pyronota) Borneooske toeffjoerrêchfazant (Lophura ignita) bulwerfazant of Bulwers fazant (Lophura bulweri) edwardsfazant of Edwards' fazant (Lophura edwardsi) Fjetnameeske fjoerrêchfazant (Lophura hatinhensis)¹ keizerfazant (Lophura × imperialis)² Maleiske fjoerrêchfazant (Lophura erythrophthalma) Maleiske toeffjoerrêchfazant (Lophura rufa) Nepaleeske fazant (Lophura leucomelanos) salvadorifazant of Salvadori's fazant (Lophura inornata) Atjeefazant (Lophura inornata hoogerwerfi) sulverfazant (Lophura nycthemera) swinhoefazant of Swinhoe's fazant (Lophura swinhoii) toefleaze prelaatfazant (Lophura diardi) skaai kraachfazanten (Chrysolophus) goudfazant (Chrysolophus pictus) lady-amherstfazant of Lady Amhersts fazant (Chrysolophus amherstiae) skaai langsturtfazanten (Syrmaticus) elliotfazant of Elliots fazant (Syrmaticus ellioti) frou-humefazant of frou Hume's fazant (Syrmaticus humiae) keningsfazant (Syrmaticus reevesi) koperfazant (Syrmaticus soemmerringii) mikadofazant (Syrmaticus mikado) skaai wallichfazanten of Wallichs fazanten (Catreus) wallichfazant of Wallichs fazant (Catreus wallichii)
¹) foarhinne beskôge as in selsstannige soarte; no beskôge as in wat ôfwikende populaasje fan 'e edwardsfazant. ²) foarhinne beskôge as in selsstannige soarte; no is dúdlik dat it in seldsume natuerlik foarkommende hybride is fan 'e edwardsfazant mei de sulverfazant.
Kategory:Fazanteftige