De Noard-Fryske Lokaalspoarwei-Maatskippij (NFLS) waard oprjochte op 31 maaie 1899 yn Ljouwert. Dizze maatskippij lei normaalspoarige lokaalspoarlinen oan benoarden de Fryske haadstêd. Ut Ljouwert wei rûn der in line nei Stiens, dêr't dy him splitste yn in eastlike en westlike takke.
Nei de splitsing yn Stiens gie de westlike takke fia ûnder oare Sint-Anne en Tsjummearum nei Harns mei in sydtakke nei Frjentsjer (sjoch spoarline Stiens - Harns en spoarline Tsjummearum - Frjentsjer). De eastlike takke (it 'Dokkumer lokaaltsje') gie nei Stiens fierder yn de rjochting fan ûnder oare Ferwert, Ternaard, Dokkum-Ealsum en it einpunt Mitselwier en Eanjum.
De NFLS wie yn har fersoargingsgebiet in direkte konkurrint fan de Nederlânske Tramwei Maatskippij, dy't normaalspoarige tramlinen boude en eksploitearre yn hiel Fryslân.
Oandielen De NFLS hie in maatskiplik kapitaal fan 1.100.000 gûne, ferdield yn oandielen fan elk 1000 gûne. Der wiene 1100 oandielen.
Standerttype NFLS Standerttype NFLS is in stasjonsûntwerp dat brûkt waard foar ferskate spoarstasjons yn Fryslân. De stasjons waarden allegear begjin 20e iuw boud en hawwe likernôch 30 oant 40 jier tsjinst dien as stasjon.
Iepening 22 april 1901: Ljouwert – Ferwert 2 oktober 1901: Ferwert – Mitselwier 2 desimber 1902: Stiens – Tsjummearum 1 oktober 1903: Tsjummearum – Frjentsjer Halte en Tsjummearum – Midlum-Herbeidjum 2 maaie 1904: Midlum - Hjerbeam - Harns SS 24 augustus 1913 Mitselwier – Eanjum
De eksploitaasje, dy't ynearsten troch de NFLS sels útfierd waard, waard fan 1 desimber 1905 ôf oernommen troch de HSM.
Sluting Op 1 jannewaris 1935 waard de NFLS troch de Steat nasjonalisearre en giene de linen oer nei de Nederlânske Spoarwegen (NS).
Dêrnei fûn der sluting (en foar in part weriepening) fan linegedieltes plak:
8 oktober 1933: sluting Tsjummearum – Frjentsjer, dêrnei opbrutsen 15 maaie 1935: sluting Tsjummearum – Harns foar reizgersferfier 15 maaie 1935: sluting Dokkum-Aalsum – Eanjum, dêrnei opbrutsen 15 maaie 1936: sluting Stiens – Tsjummearum foar reizgersferfier 1 july 1936: sluting Ljouwert – Dokkum-Ealsum foar reizgersferfier 11 jannewaris 1938: sluting Midlum-Hjerbeam – Harns foar frachtferfier, dêrnei opbrutsen 28 maaie 1940: weriepening Ljouwert – Dokkum-Ealsum foar reizgersferfier 28 maaie 1940: weriepening Stiens – Tsjummearum foar reizgersferfier 1 desimber 1940: sluting Ljouwert – Dokkum-Ealsum foar reizgersferfier 1 desimber 1940: sluting Stiens – Tsjummearum foar reizgersferfier 30 oktober 1942: sluting Tsjummearum – Midlum-Hjerbeam foar frachtferfier, dêrnei opbrutsen 7 desimber 1961: sluting Minnertsgea – Tsjummearum foar frachtferfier, dêrnei opbrutsen 4 maaie 1966: sluting Mooie Paal oansluting – Berltsum (eardere NTM-tramline) foar frachtferfier, dêrnei opbrutsen 27 septimber 1971: sluting Stiens – Minnertsgea foar frachtferfier 1973: sluting Holwert – Dokkum-Ealsum foar frachtferfier 1975: sluting Stiens – Holwert foar frachtferfier 1978: Holwert – Dokkum-Ealsum opbrutsen 1980: Stiens – Holwert opbrutsen 1980: Stiens – Minnertsgea opbrutsen 1995: sluting Ljouwert – Stiens foar frachtferfier 1997: lêste rit Ljouwert – Stiens 2006: opbrekken fan earste part Ljouwert – Stiens, de spoaren op it yndustryterrein by it emplassemint Ljouwert 2011: opbrekken fan lêste part Fleanbasis-Jelsum-Stiens. Op inkele plakken binne noch wat oerbliuwsels te finen (ûnder oare Westerein Ljouwert; kuierpaad tusken it spoar).
Stasjons fan de NFLS Stasjon Iepene Sluten Spoarline Opmerking 100px Blije 1901 1940 Dokkumer Lokaeltsje 100px Buerstermûne 1902 1940 Spoar Stiens - Harns 100px Doanjum 1903 1933 Spoar Tsjummearum - Frjentsjer 100px Dokkum-Ealsum 1901 1940 Dokkumer Lokaeltsje It gebou waard sloopt yn 1974. 100px Eanjum 1913 1935 Dokkumer Lokaeltsje Easterbierrum 1903 1935 Spoar Stiens - Harns It gebou waard sloopt yn 1980. 100px Ferwert 1900 1940 Dokkumer Lokaeltsje It gebou waard sloopt yn 1974. 100px Feinsum 1900 1932 Dokkumer Lokaeltsje It gebou waard sloopt yn 1931. 100px Frjentsjer Halte 1903 1933 Spoar Tsjummearum - Frjentsjer Froubuorren 1902 1940 Spoar Stiens - Harns It gebou waard sloopt yn 2002. 100px Hallum 1900 1940 Dokkumer Lokaeltsje It gebou waard sloopt tusken 1970 & 1974. 100px Hantum 1901 1940 Dokkumer Lokaeltsje It gebou waard sloopt yn 1960. 100px Holwert 1901 1940 Dokkumer Lokaeltsje 100px Hijum 1900 1940 Dokkumer Lokaeltsje 100px Jelsum 1900 1940 Dokkumer Lokaeltsje Ferlern gien yn de Twadde Wrâldkriich Ljouwert Halte 1900 1940 Dokkumer Lokaeltsje It gebou waard sloopt yn 1970. 100px Marrum-Westernijtsjerk 1900 1940 Dokkumer Lokaeltsje pankoekrestaurant 100px Minnertsgea 1902 1940 Spoar Stiens - Harns 100px Mitselwier 1901 1935 Dokkumer Lokaeltsje 100px Morra-Ljussens 1913 1935 Dokkumer Lokaeltsje 100px Mullum-Hjerbeam 1903 1935 Spoar Stiens - Harns 100px Stiens 1900 1940 Dokkumer Lokaeltsje,Spoar Stiens - Harns 100px Seisbierrum-Pitersbierrum 1903 1935 Spoar Stiens - Harns 100px Sint-Anne 1902 1940 Spoar Stiens - Harns Sint-Jabik 1902 1940 Spoar Stiens - Harns It gebou waard sloopt yn 1960. 100px Ternaard 1901 1940 Dokkumer Lokaeltsje 100px Tsjummearum 1902 1940 Spoar Stiens - Harns,Spoar Tsjummearum - Frjentsjer 100px Winaam 1903 1935 Spoar Stiens - Harns
Sjoch ek Dokkumer Lokaeltsje Spoarline Stiens - Harns Spoarline Tsjummearum - Frjentsjer Spoarstasjons yn Fryslân List fan spoarlinen yn Nederlân
Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1899 Kategory:Organisaasje opheft yn 1935 Kategory:Nederlânske spoarweimaatskippij