De 13e edysje fan de Omgong fan Itaalje waard hâlden fan 16 maaie oant en mei 7 juny 1925. It wie de earste dielname fan de doetiids 23 jier âlde Alfredo Binda, dy't fuortendaliks it einklassemint wûn, en ien fan 39 hurdfytsers wie dy't de einstreek helle, fan de 126 dielnimmers dy't fan start gien wiene op 16 maaie.
Startplak en einstreek Sawol de start as einstreek lei yn Milaan, de haadstêd fan de Italjaanske regio Lombardije. Teffens is it de haadstêd fan de provinsje mei deselde namme. De stêd leit noardeastlik fan Turyn en bewesten Verona.
Etappe-oersjoch Datum Etappe Start –Finish Ofstân(yn km) Type Winner 20px|Rôze trui Klassemintslieder 16 maaie 1 Milaan - Turyn 278.1 km Pietro Linari Pietro Linari 18 maaie 2 Turyn - Arenzano 279.2 km Costante Girardengo Costante Girardengo 20 maaie 3 Arenzano - Pisa 315 km Pierino Bestetti 22 maaie 4 Pisa - Rome 337.1 km Costante Girardengo 24 maaie 5 Rome - Napels 260 km Gaetano Belloni Alfredo Binda 26 maaie 6 Napels - Bari 314.2 km Alfredo Binda 28 maaie 7 Bari - Benevento 234.9 km Costante Girardengo 30 maaie 8 Benevento - Sulmona 275 km Giovanni Brunero 1 juny 9 Sulmona - Arezzo 376.8 km Costante Girardengo 3 juny 10 Arezzo - Forlì 224,3 km Costante Girardengo 5 juny 11 Forlì - Verona 318 km Costante Girardengo 7 juny 12 Verona - Milaan 307,9 km Gaetano Belloni
1925 Kategory:Barren yn 1925