De kroanein (Netta rufina) is in fûgelsoarte út 'e famylje einfûgels (Anatidae). In folwoeksen kroanein is likernôch like grut as de wylde ein. It is net in talrike briedfûgel, mar sûnt it earste briedgefal yn 1942 binne de oantallen tanommen.
Beskriuwing De fûgels binne 53 oant 57 sm lang en hawwe in spanwiidte fan 85 oant 90 sm. thumb|left|Jerkje en wyfke. De ein hat in opfallend grutte rûne kop en like opfallend is de brede ljochte streek op 'e wjukken mei in smelle, swarte efterrâne. It jerkje hat in readbrune kop, in koraalreade snaffel en in swarte boarst en búk. De rêch is ljochtbrún en de flanken smoarchwyt fan kleur.
It wyfke is effen griisbrún, fan boppe donkerde en op 'e flanken wat ljochter. De krún oant it each is donkerbrún en dêrûnder is de kop wer folle ljochter griisbrún. It wyfke hat in donkere snaffel. It jerkje sjocht der nei it ferfearjen hast itselde út, mar hat dan as ûnderskied noch wol de reade snaffel.
Iten It iten bestiet út wetterplanten, dy't er yn ûndjip wetter siket, lytse fiskjes, ynsekten en oare lytse wetterdierkes.
Nêst It nêst wurdt op in eilantsje boud by wetter. It lechsel bestiet út seis oant tolve griiseftige oant ljochtgriene aaien, dy't nei 28 dagen útkomme.
Fersprieding thumb|left|Fleanend jerkje. Yn West-Europa is it briedgebiet tesnipele mei in soad lokale populaasjes. De kroanein komt fierder yn dielen fan Lyts-Aazje, Midden-Aazje oant noadwest Sina en it west fan Mongoalje foar. De Aziatyske fûgels oerwinterje op 'e Swarte en de Kaspyske See, mar ek op it Yndyske subkontinint en fierder eastlik oant yn Birma.
De kroanein mei graach oer grutte plassen mei brede reitkragen en begroeiing, baaien, lagunes en sâlte sompen.
Nederlân De kroanein komt yn Nederlân net in hiel soad foar. Sûnt 1942 is der foar it earst mei wissen in briedend pearke fêststeld. Fral tusken 1990 en 2010 binne it tal briedpearkes tanommen oant likernôch 440 oant 520. De fûgel komt frâl yn Súd-Hollân, de Finkefeanske Plassen en de Iselmarkust foar. Yn Fryslân briede kroaneinen yn 'e Makkumerwaard en it Hegewiersterfjild ûnder Harns.
Status De kroanein hat in grut ferspriedingsgebiet. It is net bekend hoefolle fûgels der binne, mar it ferspriedingsgebiet is grut en de populaasje is yn alle gefallen sa grut, dat de kâns op útstjerren lyts is. Rûge rûzings geane fan in wrâldpopulaasje fan 420.000-600.000 yndividuën út. De Europeeske populaasje soe delkomme op 55.000-86.000 folwoeksen fûgels.Wetlands International 2015
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Kroanein Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan