De 8ste edysje fan de Omgong fan Itaalje waard hâlden fan 23 maaie oant en mei 6 juny 1920.

Startplak en einstreek Sawol de start as einstreek lei yn Milaan, de haadstêd fan de Italjaanske regio Lombardije. Teffens is it de haadstêd fan de provinsje mei deselde namme. De stêd leit noardeastlik fan Turyn en bewesten Verona.

Njoggen winners Yn de achtste etappe waard de einsprint fersteurd doe't der in losbrutsen hynder op de baan kaam, alle njoggen hurdfytsers út de earste groep waarden ta winner fan 'e etappe útroppen. Yn alfabetyske folchoarder gie dit om: Ugo Agostoni, Jean Alavoine, Gaetano Belloni, Marcel Buysse, Nicola Di Biase, Angelo Gremo, Emilio Petiva, Giovanni Rossignoli en Enrico Sala.

Etappe-oersjoch Datum Etappe Start –Finish Ofstân(yn km) Type Winner 20px|Rôze trui Klassemintslieder 23 maaie 1 Milaan - Turyn 348 km Giuseppe Olivieri Giuseppe Olivieri 25 maaie 2 Turyn - Lucca 378 km Gaetano Belloni Gaetano Belloni 27 maaie3 Lucca - Rome 386 km Gaetano Belloni 29 maaie4 Rome - Chieti 234 km Jean Alavoine 31 maaie5 Chieti - Macerata 236 km Leopoldo Torricelli Angelo Gremo 2 juny6 Macerata - Bologna 282 km Jean Alavoine 4 juny 7 Bologna - Triëst 349 km Gaetano Belloni Gaetano Belloni 6 juny 8 Triëst - Milaan 421 km Njoggen winners

1920 Kategory:Barren yn 1920