In monotypysk takson is yn 'e taksonomyske yndieling fan 'e biology in takson dat mar ien ûnderhearrich takson omfettet. In monotypyske famylje befettet bgl. mar ien skaai, en in monotypysk skaai befettet mar ien soarte. In monotypyske soarte is in soarte dy't gjin ûndersoarten hat. By skaaien wurdt yn 'e wittenskiplike literatuer soms de term monospesifyk of unispesifyk brûkt ynstee fan monotypysk.

Kategory:Taksonomy