Anna Leonowens (folút: Anna Harriette Leonowens; berne as: Anna Harriet Emma Edwards; Ahmednagar (Britsk-Ynje), 5 novimber 1831 – Montreal (Kebek), 19 jannewaris 1915) wie in Ingelsk ûnderwizeresse, dy't ek aktyf wie as reisferhaleskriuwster en sosjaal aktiviste. Hja waard bekend troch har autobiografyske ferslach fan 'e perioade yn 'e 1860-er jierren dat se oan it keninklik hof fan kening Mongkut fan Siam tsjinne, as gûvernante fan 'e bern fan 'e kening. Hja publisearre dat yn 1870 ûnder de titel The English Governess at the Siamese Court, dêr't Margaret Landon yn 1944 har bestseller-roman Anna and the King of Siam op basearre. Yn 1951 waard dy roman omset yn in toanielmusical mei as titel The King and I, wêrfan't yn 1956 de ferneamde ferfilming The King and I makke waard. By har libben wenne Leonowens yn Britsk-Ynje, Aden (miskien), Austraalje, Singapoer, Bangkok, Ingelân, de Feriene Steaten en Kanada. Hja wie in suffrazjette dy't aksje fierde foar it frouljuskiesrjocht en ien fan 'e oprjochters fan it Nijskotlânsk Kolleezje fan Keunst en Untwerp.
Libben Jonkheid en komôf De pake oan memmekant fan Anna Leonowens wie in William Vawdrey (of Vaudrey) Glascott, in út Ingelân ôfkomstich ofsier, dy't yn 1810 yn Britsk-Ynje arrivearre. Hy tsjinne yn it Leger fan Bombay, in part fan 'e kriichsmacht fan 'e Britske Eastyndyske Kompanjy, dy't it doe noch yn Britsk-Ynje foar it sizzen hie. Hy troude blykber yn 1815, mar oer syn frou is neat bekend, ek al waarden der foar lju fan syn maatskiplike klasse doedestiden ornaris goede houliksregisters byholden. Neffens biografe Susan Morgan kin dat folsleine en skynber opsetlike brekme oan ynformaasje oer syn frou inkeld betsjutte dat hja "net Jeropeesk wie". Morgan suggerearret dat se "foar 't neist [...] Anglo-Yndysk (fan mingd komôf) [wie], berne yn Britsk-Ynje." Dat wie doedestiden in grutte skande en koe mar it bêst ferswein wurde.
Leonowens har mem, it earste bern fan 'e Glascotts, waard berne yn 1815 of 1816. Sy troude op 15 maart 1829, doe't se trettjin of fjirtjin jier âld wie, mei in sersjant Thomas Edwards, in eardere meubelmakker út Londen. Leonowens wie de twadde dochter út 'e húshâlding fan har âldelju, dy't berne waard op 5 novimber 1831, in fearnsjier nei it ferstjerren fan har heit. Hja waard Anna Harriet Emma Edwards doopt, mar letter feroare se op eigen manneboet de stavering fan har twadde foarnamme yn 'Harriette', wylst se hielendal ophold mei it brûken fan har trêde foarnamme Emma.
Anna har âldere suster Eliza Julia Edwards troude yn 1845 mei fyftjin jier mei sersjant-majoar James Millard. Harren dochter Eliza Sarah Millard troude yn 1864 mei sechstjin jier mei de 38-jierrige amtner Edward John Pratt. Hja wiene de âlden fan William Henry Pratt, in akteur dy't better bekend waard ûnder de artystenamme Boris Karloff. Leonowens karde it houlik fan har suster ôf en hie letter nea mear kontakt mei har.
Foar it meastepart fan har folwoeksen libben hie Leonowens gjin kontakt mei har famylje. Sterker noch, se die war om har wiere oarsprong te fertsjustermoanjen troch te bewearen dat har famkesnamme Crawford wie, dat har berteplak Caernarfon yn Wales wie en dat har heit in kaptein wie. Dêrtroch beskerme se net inkeld harsels foar de skande fan har mingde komôf, mar ek har bern, dy't sûnder dat stigma bettere kânsen hawwe soene om te slagjen yn it libben. Undersyk yn 'e moderne tiid wiisde út dat der yn 'e argiven yn Caernarfon gjin spoar fan har of har famylje te finen is, wat as in grutte skok kaam foar it plak dat lang tige grutsk op har west hie as ien fan 'e meast ferneamde ynwenners.
Leonowens har mem Mary wertroude nei it ferstjerren fan har earste man mei in Patrick Donohoe, in Iersk soldaat by it sjenykorps fan it Britske Leger. De relaasje tusken Leonowens en har styfheit wie neat te noflik. Letter beskuldige hja him derfan dat er har en har suster Eliza ûnder druk set hie om mei folle âldere manlju te trouwen. Yn 1847 waard Donohoe út Britsk-Ynje wei oerpleatst nei de Britske koloanje Aden, op 'e súdpunt fan it Arabysk Skiereilân. It is net bekend oft syn húshâlding meigie dêrhinne of efterbleau yn Ynje. Leonowens hold letter út dat se yn dyselde snuorje in trijejierrige rûnreis makke hie troch Egypte en it Midden-Easten mei de oriïntalist en predikant George Percy Badger en de frou. Moderne biografyen beskôgje dat ferhaal lykwols as fiktyf. It tinken is dat Leonowens de Badgers yn Ynje mette of reisferslaggen fan harres lies.
Houlik en widdosteat As Leonowens en har mem har styfheit nei Aden folgen, kearden se op it letst tsjin 'e ein fan 1849 yn Britsk-Ynje werom. Om dy tiid hinne troude Leonowens nammentlik yn Poona, tsjin 'e beswieren fan har mem en styfheit yn, mei har earste ferkearing út har jonkheid: Thomas Leon (of Lane of Lean) Owens. Dyselde fusearre letter syn middelnamme en efternamme ta in nije eftenamme: Leonowens. Neffens Leonowens har autobiografy wie har man in legerofsier, mar dat wie net wier: yn it echt wied er in amtner. Yn 1852 sylde it jonge troude pear, beselskippe fan W.V. Glascott, in omke oan memmekant fan Leonowens, nei West-Austraalje. Underweis tusken Singapoer en Perth befoel Leonowens op see fan in poppe, in jonkje dat de namme Thomas krige. Op 8 maart 1853 litten se hast skipbrek doe't harren skip, de Alibi, op in hier nei wraksloech op in rif foar de Westaustralyske kust. Tsien dagen letter berikten se Perth, dêr't Leonowens har man Thomas mei gauwens as amtner foar it koloniaal bestjoer oan it wurk koe.
Leonowens besocht yn Perth in skoalle op te rjochtsjen foar jongedames út 'e hegere maatskiplike klassen, en befoel der ek fan in twadde bern. Yn maart 1854 krige se in trêde bern, in famke dat Avis neamd waard. Yn 1855 ferfear de húshâlding nei Lynton, in ôfhandige strafkoloanje benoarden Geraldton, dêr't Thomas Leonowens oansteld waard as behearder fan 'e pleatslike winkel. Dêr befoel Leonowens fan in fjirde bern, har soan Louis. Tsjin begjin 1857 wie de strafkoloanje opheft en kearde it gesin Leonowens werom nei Perth. Dêrwei sylden se yn april fan dat jier nei de Britske koloanje Singapoer. Se setten har nei wenjen yn Penang, yn Britsk-Malakka, dêr't Thomas Leonowens likernôch twa jier in hotel útbate foar't er hommels kaam te ferstjerren oan in oerhaal. Hy waard op 7 maaie 1859 begroeven, wêrnei't Leonowens yn earmoede efterbleau as widdo mei twa bern, om't de beide âldsten yn 'e widze ferstoarn wiene. Om harsels, har dochter Avis en har soan Louis te ûnderhâlden, ferfear Leonowens nei Singapoer, dêr't se in skoalle begûn foar de bern fan Britske ofsieren. Dat wie finansjeel gjin súkses, mar it fêstige wol har reputaasje as ûnderwizeresse.
Gûvernante oan it Keninklik Hof fan Siam Yn 1862 naam Leonowens in oanbod oan fan Tan Kim Ching, de konsul yn Singapoer foar it Keninkryk Siam (no Tailân), om as gûvernante te tsjinjen oan it hof fan kening Mongkut yn Bangkok. Se moast dêr modern (d.w.s. wittenskiplik en sekulier) Westersk ûnderrjocht jaan, dat Westerske sindelingen net fersoargje koene of woene, oan 'e 39 bysliepen en 82 bern fan 'e kening. Leonowens stjoerde har dochter Avis nei in kostskoalle yn Ingelân en naam har soan Louis mei nei Siam, dêr't se de Amerikaanske misjonaris Dan Beach Bradley opfolge as ûnderwizer oan it keninklik hof.
Leonowens ferfolle dy funksje krapoan seis jier lang, oant 1867. Earst wie se inkeld ûnderwizeresse, mar letter waard se ek in soartemint sekretaresse foar kening Mongkut, alteast foar wat syn diplomatike korrespondinsje yn 'e Ingelske taal oanbelange. Hoewol't oan har posysje grut maatskiplik prestiizje ferbûn wie en ek in beskate mjitte fan politike ynfloed, sinnigen de betingsten fan har wurkferbân Leonowens net. Om't se dat net ûnder stuollen of banken stiek, begûn kening Mongkut har te beskôgjen as "in lestige frou en lestiger as de measten" (sa't er it sels yn in brief oan Leonowens omskreau).
Yn 1868 wie Leonowens omreden fan har sûnens mei ferlof yn Ingelân. Dêrwei besocht se fia brieven geunstiger betingsten te beävensearjen foar har weromkear oan it Siameeske hof. Har plannen rûnen lykwols op 'e non doe't kening Mongkut siik rekke en hommels kaam te ferstjerren. De kening neamde Leonowens en har soan Louis yn syn testamint, mar liet harren neat nei. Syn opfolger, de fyftjinjierrige Chulalongkorn, in eardere learling fan Leonowens, skreau har in waarme tankbrief, mar nûge har net út om werom te kommen. Likegoed ûnderholden Leonowens en de nije kening fan Siam jierrenlang in freonlike briefkerij.
Chulalongkorn fierde yn Siam maatskiplike en politike herfoarmings troch, lykas de ôfskaffing fan it gebod ta prosternaasje (delbûgen oan 'e grûn ta) as men yn oanwêzigens fan 'e kening kaam. Leonowens woe letter hawwe dat sy him dy fernijings ynskúnd hie, doe't er noch har learling wie. In protte fan dy herfoarmings wiene lykwols doelen dêr't kening Mongkut al op oanarbeide. Yn 1883, doe't er 27 jier wie, kearde Leonowens har soan Louis wol werom nei Siam, dêr't kening Chulalongkorn him ta ofsier yn 'e keninklike kavalery beneamde. Hy troude mei Caroline Knox, in dochter fan 'e Britske konsul-generaal yn Bangkok sir Thomas George Knox en dy syn Siameeske frou Prang Yen. Letter rjochte er ûnder patronaazje fan 'e kening de Louis T. Leonowens Company op, in súksesfolle hannelsmaatskippij wêrmei't er ryk waard. Itselde bedriuw is hjoed de dei ûnder deselde namme noch altyd yn Tailân aktyf.
Wurkpaad as skriuwster Yn 'e Feriene Steaten Tsjin 1869 hie Leonowens har yn New York nei wenjen set, dêr't se koart in skoalle foar famkes op Staten Island hie. Dêrnjonken sette se útein mei it bydragen fan reisartikels oan in tydskrift út Boston, Atlantic Monthly. Ien dêrfan wie The Favorite of the Harem, dat troch The New York Times omskreaun waard as "in Eastersk leafdesferhaal mei, blykber, in sterke basis fan wierheid". Doe't se murk dat der belangstelling foar bestie, wreide Leonowens har reisartikels út ta in twadielige autobiografy, wêrfan't it earste diel yn 1870 publisearre waard ûnder de titel The English Governess at the Siamese Court ("De Ingelske Gûvernante oan it Siameeske Hof"). Dêrmei wûn se op slach in beskate bekendheid, mar teffens kaam it har op beskulgings fan sensasjonalisme te stean.
Yn it boek seach Leonowens kritysk werom op it libben oan it hof fan kening Mongkut. Har ferslach is net altyd flaaikjend en yn it moderne Tailân is it boek dêrom noch altyd kontroversjeel. Leonowens waard derfan beskuldige dat se har ynfloed oer de kening yn it boek skromelik oerdreau, en ek dat se der dingen bybetocht hie dy't hielendal net wier bard wiene. Yn The English Governess at the Siamese Court skreau se bygelyks dat sy en kening Mongkut ferskate kearen spul krigen oer it bestean fan slavernij yn Siam, wat sy as abolisjoniste ôfskaft hawwe woe, mar wat de kening as in lânseigen tradysje beskôge dêr't neat op oan te merken foel. Kritisy fan Leonowens wize derop dat Mongkut foarôfgeande oan syn keningskip 27 jier lang in boedistyske mûnts en letter abt west hie, en dat syn religieuze oplieding en ropping nea de wrede, eksintrike en egoïstyske mienings tastien hawwe soe dy't Leonowens him yn har boek yn 'e mûle lei.
Leonowens wie in feministe, en yn har skriuwerij lei hja de klam op wat sy seach as de ûnderdrukking fan 'e Siameeske froulju, net yn it lêste plak foar wat deselden oangie dy't fan 'e widere maatskippij isolearre wiene yn 'e Nang Harm, de keninklike harem. Se skreau dat Mongkut oer it algemien in progressyf hearsker west hie, mar dat er gebrûken as prosternaasje en de tradisjonele posysje fan 'e frou, dy't neffens har delkaam op seksuele slavernij, behâlde woe.