De Amerikaanske piiptsjilling (Anas carolinensis) is in lytse ein, dy't in soad op 'e (Euraziatyske) piiptsjilling liket en foarhinne ek as ûndersoarte A. crecca carolinensis beskôge waard.

Beskriuwing thumb|left|Pearke Amerikaanske piiptsjillings. De Amerikaanske piiptsjilling is 31 oant 398 sm lang en hat in spanwiidte fan 52-59 sm. It eintsje weecht 140 oant 500 gram.

De fûgel liket wat oansjen en gedrach oanbelanget in soad op 'e piiptsjilling. By de wyfkes is hast gjin ûnderskie, mar by it mantsje fan 'e Amerikaanske piiptsjilling is de griene maskerflek fan it kopke in bytsje omseame mei in brúngiele râne, wylst dy by de Euraziatyske soarte dúdliker en helder giel is. Amerikaanske piiptsjillings hawwe boppedat in opfallende wite streek oan wjerskanten fan it boarst dy't by de Euraziatyske ein ûntbrekt. Oarsom hat de Euraziatyske piiptsjilling in horizontale wite streek op 'e flanken, dy't de Amerikaanske soarte net hat.

Fersprieding De ein briedt yn Alaska, Kanada en it noarden fan 'e Feriene Steaten en oerwinteret súdliker oant yn Midden-Amearika. As dwaalgast wurdt de Amerikaanske piiptsjilling somtiden oant op Hawaï oantroffen.

De Amerikaanske piiptsjilling mei graach oer ryk begroeid, dridzich gerslân en wetter mei in soad ûnderwetterplanten.

It oantal folwoeksen einen fan 'e Amerikaanske piiptsjilling wurdt op likernôch 3.900.000 rûsd. De fûgel liket yn oantal ta te nimmen.

Gedrach De Amerikaanske piiptsjilling fan it noarden is in trekfûgel en oerwinteret folle súdliker fan syn briedgebiet. Bûten de briedtiid foarmet de fûgel grutte groepen.

Nederlân Yn Nederlân is de soarte in dwaalgast.

Ofbylden

200x175px 200x150px Jerkje Amerikaanske piiptsjilling. Jerkje Euraziatyske piiptsjilling. 200x175px 200x175px Wyfke Amerikaanske piiptsjilling. Wyfke Euraziatyske piiptsjilling.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Ein (skaai) Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk