The Tomorrow War is in Amerikaanske apokalyptyske science fiction-oarlochsfilm út 2021 ûnder rezjy fan Chris McKay, mei yn 'e haadrollen Chris Pratt en Yvonne Strahovski. De titel betsjut "De Moarnoarloch" of "De Oarloch fan Moarn". It ferhaal giet oer oer in feteraan fan 'e Irakoarloch dy't yn 'e mande mei in leger oare soldaten út it hjoed nei de takomst stjoerd wurdt om te fjochtsjen tsjin in bûtenierdske ynvaazje fan 'e Ierde. The Tomorrow War hie oarspronklik troch filmstudio Paramount Pictures yn 'e bioskopen útbrocht wurde sillen, mar dat plan rûn op 'e non troch de koroanafiruspandemy. De filmdistribúsjerjochten waarden úteinlik oankocht troch Amazon, dat de film útbrocht fia de streamingtsjinst Prime Video. Fan 'e filmkritisy krige The Tomorrow War mingde resinsjes. Hoewol't de film inkeld yn Sina yn 'e bioskoop kaam en troch bioskoopfertoanings lang net út 'e kosten kaam, wie The Tomorrow War in grut streamingsúkses. In ferfolchfilm is anno 2023 yn preproduksje.

Plot Dan Forester is in biologylearaar oan in middelbere skoalle yn 'e Feriene Steaten, dy't yn 'e Irakoarloch tsjinne hat as kommando yn it Amerikaanske Leger. Syn dream is lykwols om baanbrekkend wittenskiplik wurk te dwaan yn in foaroansteand laboratoarium. Yn 2022 wurdt er ôfwiisd foar syn safolste sollisitaasje, wat him te lider slein efterlit. Dyselde deis wurdt it WK fuotbal 2022 fersteurd as ûnder in wedstryd midden op it fjild in gat yn it luchtliddige ferskynt, dêr't in groep militêren út stapt. It binne soldaten dy't út 2051 weromreizge binne yn 'e tiid. Harren lieder, luitenant Hart, makket bekend dat yn novimber 2048 in ras fan meunsterlike bûtenierdske wêzens lânje sil yn noardlik Sibearje. Dy Wytpjukken (ferneamd nei de wite organyske pjukken dy't se ôfsjitte út harren tentakels) sille yn 'e trije jier dêrnei it measte libben op 'e Ierde útrûgje. Tsjin 'e tiid dat wittenskippers in manear útfine foar tiidreizgjen, om help út it ferline te krijen, binne der op 'e hiele wrâld noch mar 500.000 minsken oer. Hart en de oaren smeke de wrâld om soldaten nei de takomst te stjoeren om 'e opmars fan 'e Wytpjukken tsjin te kearen foar't it te let is.

Yn reäksje op dizze bedriging fan it fuortbestean fan 'e minskheid wurde alle ûnderlinge konflikten dy't yn 2022 besteane, oan kant reage. Yn in mienriedigens dy't sûnder presedint is, beslute de lannen fan 'e wrâld in tsjinstplicht yn te fieren om soldaten nei de takomst te stjoeren troch de JumpLink, in rudimintêr wjirmgat dat de wittenskippers út 'e takomst foarme hawwe foar it tiidreizgjen, mar dat inkeld de jierren 2022 en 2051 ferbine kin. Eltse tsjinstplichtige kriget in bân om 'e earm dy't syn lichemsfunksjes mjit. Hy of sy moat sân dagen lang fjochtsje yn 'e takomst, wêrnei't se automatysk weromsûgd wurde troch de JumpLink as de earmbân har noch as libben registrearret. Wannear't de sân dagen fan 'e earste groep tsjinstplichtigen foarby is, docht bliken dat 95% fan harren sneuvele binne. Wylst de regearings fan 'e wrâld almar mear minsken yn 'e ferhakseler fan 'e 'oarloch fan moarn' stopje, ûntjout him yn 2022 in wrâldwide protestbeweging tsjin 'e tsjinstplicht dy't úthâldt dat it net de oarloch is fan 'e minsken fan no en dat de minsken fan dan it sels mar útsykje moatte. Dat liedt ta opskuor yn 'e strjitten en maatskiplike gaos.

Lang om let wurdt wurdt ek Forester oproppen foar de tsjinstplicht. As er him bejout nei wat er tinkt dat in tsjinstkeuring is, wurdt him daliks de op sjirurgyske wize fêstsette earmbân oandien. Der wurdt him oansein dat de earmbân behalven syn lichemsfunksjes ek syn geografyske lokaasje trochjout, sadat útnaaien gjin sin hat. Forester syn frou, Emmy, trunet him oan om nei syn fan him ferfrjemde heit te gean, Dan Forester sr., in traumatisearre feteraan fan 'e Fjetnamoarloch dy't in ekspêr op it mêd fan alderhanne technology en wapenreau is. Dyselde sil grif rie witte mei de earmbân. Forester lit him beprate en set nei syn heit ta, dy't seit dat er him yndie fan 'e earmbân ôfhelpe kin. Ear't dat bart, krije de beide mannen lykwols wurden oer âldsear, spesifyk dat Forester sr. nei syn weromkear út Fjetnam syn húshâlding yn 'e steek litten hat en dat Forester jr. sûnder heit oprgroeid is. De rûzje rint sa heech op dat Forester de help fan syn heit net mear oannimme wol en sûnder wat bedijd te hawwen op hûs oan giet om ôfskie te nimmen fan Emmy en harren njoggenjierrige dochterke Muri.

Forester meldt him foar syn tsjinstplicht op in JumpLink-basis, dêr't er yn 'e kunde komt mei ferskate oare rekruten, ûnder wa wittenskipper Charlie dy't yn in laboratoarium wurket, húsfrou Nora, de obese Cowan, en frijwilliger Dorian, foar wa't dit al de trêde wike yn 'e takomst wurdt. Harren ienheid fan in pear hûndert man wurdt nei it takomstige Miami Beach stjoerd en sil dêr in pear meter boppe de grûn materialisearje. Der giet lykwols wat goed mis en se materialisearje heech yn 'e loft, tusken de wolkens. De measte leden fan 'e ienheid falle te pletter, mar Forester en in stik as fyftjin oaren komme yn in swimbad op it dak fan in wolkekliuwer del en oerlibje de fal. By dy groep hearre ek Charlie, Nora, Cowan en Dorian.

Oer de radio siket harren kommandant kontakt mei de oerlibbenen. It docht bliken dat Forester fan harren de heechste rang en de measte ûnderfining hat, dat hy kriget de lieding taparte. De kommandant jout him opdracht om it personiel fan in troch de Wytpjukken besingele laboratoarium te rêden, foar't de loftmacht it hiele sintrum fan Miami Beach plat goait om't it folslein troch de Wytpjukken ûnder de foet rûn is. Forester-en-dy witte it laboratoarium te berikken, dêr't se lykwols al it personiel dea oantreffe, mei't it gebou al yn 'e hannen fan 'e Wytpjukken is. Yn opdracht fan 'e kommandant sammelje se de ûndersyksgegevens dêr't men yn it laboratoarium mei dwaande wie. Dêrnei fjochtsje se har in paad nei bûten ta, mar wannear't Cowan benefter bliuwt, lit Forester de hiele groep hohâlde. De Wytpjukken drige harren ûnder de foet te rinnen, en de ferwûne Cowan en Nora biede oan om 'e meunsters tsjin te kearen sadat de oaren ûntkomme kinne. It opûnthâld blykt lykwols fatale gefolgen te hawwen as it bombardemint fan 'e loftmacht begjint en de measten fan Forester syn ienheid omkomme.

Forester rekket bewusteleas en wurdt letter wekker op in legerbasis yn Puerto Plata, yn 'e Dominikaanske Republyk. Behalven hysels hawwe inkeld Charlie en Dorian it bombardemint oerlibbe. It docht bliken dat de kommandant mei wa't er oer de radio hieltyd kontakt hie, syn eigen dochter Muri is, no in 38-jierrige kolonel yn it Amerikaanske Leger, dy't tagelyk as molekulêr biologe nei in fergif siket om 'e Wytpjukken mei út te rûgjen. Se fertelt har heit dat se in gif ûntwikkele hat dat de mantsjes, de darren, deadet, mar net de wyfkes, de keninginnen, wa har wil de mantsjes útfiere. Se nimt Forester mei nei in plak deunby, dêr't it leger in keninginne isolearre hat en dwaande is mei har te fangen. Dat slagget mei gâns muoite en neitiid docht bliken dat de mantsjes de rop in keninginne tsientallen kilometers fier hearre kinne, sadat se út alle rjochtings op har ôf komme. De helikopter mei de koai mei de keninginne deryn wit krekt op 'e tiid fuort te kommen, mar Forester en Muri binne de iennichste oerlibbenen fan 'e soldaten op 'e grûn.

Muri fertelt har heit dat se nei har njoggende net folle kontakt mear mei him hân hat. Nei't er fan it ferfoljen fan syn tsjinstplicht út 'e takomst weromkearde, wied er ôfhâldich, en doe't it him mar net slagge en fyn in baan yn in laboratoarium, rekke er alhiel desyllúzjonearre. Doe't se tolve jier wie, gied er by Muri har mem wei, en dêrnei ferdwûn er út harren libbens. Doe't se sechstjin wie, kaam der in tillefoantsje dat er in auto-ûngemak hân hie en op stjerren lei yn it sikehûs. Muri en har mem wiene derby doe't er ferstoar sûnder noch wer by bewustwêzen kommen te wêzen. Dy ûntboezeming treft Forester hurd, en hy beseft dat er eins net safolle ferskilt fan 'e heit tsjin wa't er noch altyd wrokket.

Nei't se mei de fongen Wytpjukkeninginne yn 'e Golf fan Meksiko op in fortifisearre boarplatfoarm mei in JumpLink-fasiliteit arrivearre binne, slagget it Muri om, mei it bloed dat se de keninginne ôfnimt, in fergif te ûntwikkeljen dat ek deadlik is foar de keninginnen. It probleem is lykwols dat dat yn 'e 2051 net op grutte skaal produsearre wurde kin om't de helpboarnen dy't dêrfoar nedich binne, lykas fabriken, troch de Wytpjukken ferwoastge binne of har bûten it berik fan 'e minsken befine. Muri jout dêrom it reägearbuiske mei it meunster fan it fergif oan Forester, waans wike yn 'e takomst sa goed as om is. Wannear't er werom giet nei it ferline, kin er it gif dêr produsearje litte, sadat de minskheid it fuortendaliks ynsette kinne yn 2048, as de Wytpjukken op 'e Ierde arrivearje. Forester is it dêr net mei iens, mei't dat betsjutte soe dat er de Muri út 2051 oan har lot oerlitte soe. Ynstee wol er weromkomme nei 2051 mei in grutte foarrie fan it gif om Muri en de oare oerlibjende minsken út 'e takomst te rêden.

Dat plan wurdt lykwols dwerseide wannear't de Wytpjukkeninginne bykomt út har ferdôving en op har skreauwen tûzenen mantsjes ôfkomme, dy't ek poerbêste swimmers blike te wêzen. It boareilân wurdt mei gauwens ûnder de foet rûn en de mantsjes brekke de keninginne los. By in konfrontaasje mei de keninginne rekket Muri swierferwûne. Se seit tsjin Forester hoe moai se it fûn om har heit nochris mei te meitsjen sa't er oarspronklik wie, doe't se in lyts famke wie. Fuort letter wurdt se troch de keninginne meisleept, de troch ferpuozze ierdoalje baarnende see yn. Forester springt har efternei, mar wurdt krekt op dat stuit troch syn earmbân en de JumpLink weromskuord nei syn eigen tiid. Hy komt wer by yn in opfangfasiliteit fan it Amerikaanske Leger foar militêren dy't weromkeard binne út 'e takomst. Dêr sjocht er Charlie en Dorian werom, dy't har sân dagen yn 'e takomst ek oerlibbe hawwe. Forester hat it reägearbuiske noch yn 'e hân, mar as er syn oerhearrigen besiket út te lizzen wat dêr yn sit, kriget er te hearren dat de JumpLink it net mear docht, wat betsjut dat it kontakt mei de takomst ferlern gien is en dat de oarloch tsjin 'e Wytpjukken definityf ferlern is. Forester jout de reägearbuis mei it fergif oan luitenant Hart, de liedster fan 'e soldaten út 'e takomst dy't no strâne rekke binne yn it ferline.

Forester giet nei hûs, dêr't er Muri weromsjocht as njoggenjierrich famke en him foarnimt om nea te dwaan wat er oars blykber dien hie: syn gesin yn 'e steek litte. Oer syn ûnderfinings yn 'e takomst fertelt er inkeld syn frou Emmy. Se riddenearje dat de minskheid mei it fergif klear stean moat as de Wytpjukken yn 2048 op 'e Ierde oankomme, mar it is ûndúdlik wêr dat krekt barre sil. Sibearje is in ûnbidich grut gebiet dat tige tinbefolke is. De ierste waarnimmings wiene op 'e eilannegroep Noardlân, foar de Sibearyske kust yn 'e Noardlike Iissee, mar der binne nea gjin romteskippen oantroffen dêr't de bûtenierdske wêzens mei arrivearre binne. Emmy stelt dat de Wytpjukken skoan in pear jier earder yn Sibearje lâne wêze kinne sûnder dat se opmurken binne. Dat betsjut dat it lâningsplak wol hiel earne oars wêze kin.

Forester belûkt Charlie en Dorian by syn speurtocht. Charlie hat syn sân dagen yn 'e takomst oerlibbe troch him te ferskûljen en wol syn eigenwearde weromwinne. Dorian hat in terminale foarm fan kanker en wol sels bepale hoe't er stjert, wat ek de reden wie dat er sa faak nei de takomst weromgien is. Dorian hat as oarlochssûvenir in klau fan in deade Wytpjuk meinommen út 'e takomst, en Charlie ûndersiket it sedimint dat yn it holle part fan 'e klau sit. Dat blykt fulkanyske jiske te wêzen dyt net út Sibearje komt, mar út Mantsjoerije of Koreä.