The Jungle Book is in Amerikaanske fantasy-aventoerefilm en famyljefilm út 2016 ûnder rezjy fan Jon Favreau, mei yn 'e haadrollen Neel Sethi, Ben Kingsley en Bill Murray. De film is in remake fan 'e klassiker mei deselde namme dy't yn 1967 troch de Walt Disney Animation Studios makke waard. Wylst dat in tekenfilm wie, waarden yn 'e nije film live-action en animearre fotoreälistyske special effects mei-inoar kombinearre. De titel betsjut "It Oerwâldboek" en ferwiist nei de boarne foar de plot: de ferneamde ferhalebondel The Jungle Book fan Rudyard Kipling út 1894.

De film folget Mowgli, in wyld bern dat opgroeid is yn it tropysk reinwâld fan Britsk-Ynje. Wannear't de tiger Shere Khan beslút dat er it 'minskejong' deadzje wol, besykje Mowgli syn freonen him yn feilichheid te bringen yn in minskedoarp oan 'e râne fan it wâld. Dat is noch net sa maklik, mei't Mowgli sels út noch yn net út it wâld wei wol. The Jungle Book krige fan 'e filmkritisy oer it algemien loovjende resinsjes en wûn in Oscar, in BAFTA, in Saturn Award, twa Satellite Awards en in Annie Award. Yn 'e bioskopen groeide de film boppedat út ta in reuseftich kommersjeel súkses. Al rillegau waard dêrom besletten in ferfolchfilm te meitsjen, dy't anno 2023 noch yn preproduksje is.

Plot Yn it tropysk reinwâld fan Britsk-Ynje libbet oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw in wyld bern. Hy is de weesjonge Mowgli, dy't grutbrocht wurdt troch in wolveridel ûnder lieding fan 'e alfawolf Akela. Op in dei oan 'e ein fan 'e drûge tiid komme de bisten fan it oerwâld gear om mei-inoar fan it bytsje oerbleaune wetter te drinken yn it ramt fan in oerâld ûnderling ferdrach. Dat ferdrach wurdt ferbrutsen wannear't de ûnmeilydsume Bingaalske tiger Shere Khan arrivearret en oanseit dat er Mowgli deadwaan sil nei't de reintiid begjint om't minsken altyd alles stikken meitsje en der dêrom gjin romte is foar harren yn it wâld. Wannear't de rein komt, beriedslagje de Akela, syn alfawolvinne Raksha en de oare wolven oft se Mowgli by harren hâlde moatte of net. Se beslute dat Mowgli foar syn eigen feilichheid it wâld ferlitte moat en nei in minskedoarp oan 'e wâldsigge ta brocht wurde moat. De swarte panter Bagheera, dy't in soarte fan mentor foar de minskejonge is, biedt oan om him dêr te bringen.

Bagheera syn taak wurdt dreger makke om't Mowgli hielendal net nei it minskedoarp ta wol en oan ien wei troch tsjinakselet. Underweis rinne se yn in mûklaach fan Shere Khan, mar de folle lytsere Bagheera falt de tiger oan en wit him langernôch op te hâlden dat Mowgli ûntkomme kin. Op syn flecht moetet Mowgli de Yndyske pyton Kaa, dy't him hypnotisearret. Wylst er ûnder har ynfloed ferkeart, komme syn ierste oantinkens boppe, fan syn minsklike heit dy't ferskuord waard troch Shere Khan. Kaa besiket Mowgli te ferslinen, mar de jonge wurdt rêden troch de loaie brune bear Baloo. Dyselde manipulearret him om hunich foar him te garjen fan plakken dêr't er sels net by kin. Baloo slacht foar dat Mowgli by him bliuwe sil oant it winter wurdt, en dat liket Mowgli mar skoan ta, mei't er net troch hat dat Baloo him as helpke brûkt. Underwilens ferskynt Shere Khan yn it territoarium fan 'e wolveridel en deadet Akela as dy net sizze wol wêr't Mowgli bedarre is.

Lang om let fynt Bagheera Mowgli werom by Baloo. Hy is poerlulk dat Mowgli it wâld net ferlitten hat, sa't se ôfpraat hiene. Hy is ek nidich op Baloo, om't dy it jonkje foar syn eigen doelen brûkt sûnder lykfol hokker omtinken om syn feilichheid. Mowgli seit dat er wol foar himsels soargje kin, mar Bagheera hâldt út dat der foar syn minsklike keunsten gjin plak is yn it oerwâld. Baloo wit harren beiden del te bêdzjen, en om't it jûn is, stelt er foar om der earst mar ris in nachtsje oer te sliepen. Dy nachts wurdt Mowgli wekker fan it trompetterjen fan in keppel Yndyske oaljefanten, dy't om in djip gat hinne stiet. Mowgli, dy't fan Bagheera leard hat dat der mei oaljefanten net te spotten falt, wifket earst oft er derhinne sil, mar syn nijsgjirrigens wurdt him oermânsk. As er sjocht dat in oaljefantekeal yn it gat fallen is en der net mear útkomme kin, hellet er in rôle lianen op dy't er earder gearfandele hie om by in klif del te gean dêr't healwei in bijenêst wie wêrfan't Baloo de hunich hawwe woe. Hy springt yn it gat en bynt de lianen om it keal hinne, wêrnei't er de folwoeksen oaljefanten de úteinen yn 'e slurven jout om har jong omheech te skuorren. Underwilens binne Baloo en Bagheera ek wekker wurden en se sjogge it tafriel fan in ôfstân oan. Bagheera moat tajaan dat guon fan 'e minsklike keunsten fan 'e jonge soms dochs wol goed fan pas komme.

De oare moarns leit Bagheera oan Baloo út dat Mowgli bejage wurdt troch Shere Khan. De bear beseft dan dat er Mowgli syn feilichheid net garandearje kin en beslút Bagheera te helpen en bring de jonge nei it minskedoarp. Dat, trijeresom sette se de reis fuort. Mar Mowgli wurdt ûntfierd troch in binde apen dy't him yn 'e troch minsken ferlitten ruïne fan in âlde timpel by harren lieder bringe. Dat is in geastlik steurde, op in reuseftige orang-oetan lykjende gigantopithecus dy't himsels Kening Louie neamd. Kening Louie nimt oan dat alle minsken fjoer meitsje kinne, krekt sa't bisten ynstinktyf witte hoe't se dingen dwaan moatte. Hy wol dat Mowgli him it geheim fan it fjoermeitsjen sjen lit en yn ruil dêrfoar ûnthjit er om 'e jonge te beskermjen tsjin Shere Khan. As Mowgli, dy't as wyld bern yn it wâld opgroeit is en noch nea fjoer makke hat, seit dat er net wit hoe't er fjoer meitsje moat, ûntstekt Kening Louie yn grutte grime om't er mient dat de jonge him foarliicht. Hy begjint drigeminten te uterjen, mar foar't er dy wiermeitsje kin, arrivearje Bagheera en Baloo. Wylst de bear de apen ôfliedt, besiket Bagheera en rêd Mowgli. Dat slagget net hielendal en der ûntstiet in gefjocht wêrby't Bagheera en Baloo de apen fan har ôfslane sadat Mowgli ûntsnappe kin. Kening Louie set him lykwols troch de timpelruïne efternei en bringt it geheim fan 'e dea fan Akela oan 'e jonge út. Hy rjochtet by syn efterfolging lykwols sa'n skea oan dat de hiele timpel úteinlik boppe op him ynstoart.

Mowgli is poer op Bagheera en Baloo om't se de dea fan Akela foar him stilholden hawwe. Hy naait út om wraak te nimmen op Shere Khan. Dêrfoar stelt er in toartse út it minskedoarp, mar as er dêrmei yn it wâld weromkeart, stekt er by fersin in boskbrân oan. Wannear't de bisten fan it wâld foar de flammen allegearre nei itselde plak flechtsje, daget Mowgli dêr Shere Khan út. De tiger ferkundiget triomfantlik dat Mowgli himsels ta in fijân fan it wâld en al syn bewenners makke hat troch brân te feroarsaakjen. As er sjocht hoe't de wolven, dy't er as syn famylje beskôget, no foar him tebekskrilje, smyt er de toartse yn 'e rivier. Hy naait út foar Shere Khan, dy't fan in direkte efterfolging wjerholden wurdt om't er oanfallen wurdt troch Bagheera, Baloo en de wolveridel ûnder lieding fan Raksha. As Shere Khan harren úteinlings fan him ôfslacht en efter Mowgli oan giet, lokket dy him yn it baarnende wâld yn in deade beam en op in útstykjende tûke, dy't brekt ûnder it gewicht fan 'e mânske tiger. Shere Khan falt yn 'e flammen en komt om, wylst Mowgli oan syn lianen tou feilich hingjen bliuwt. Neitiid freget en kriget Mowgli de help fan 'e oaljefantekeppel om 'e rivier ôf te damjen, sadat it wetter it wâld yn streamt en de brân dwêstget.

As alle opskuor foarby is, wurdt Raksha de nije lieder fan 'e wolveridel. Mowgli beslút om syn minsklike keunsten tenei yn te setten foar it goederbêst fan alle wâldbewenners. Mei Bagheera en Baloo tsjocht er it wâld wer yn.

Rolferdieling

haadrollen personaazje                                             akteur/aktrise Mowgli Neel Sethi Bagheera, in swarte panter Ben Kingsley (stim) Baloo, in brune bear Bill Murray (stim)

byrollen personaazje akteur/aktrise                      Shere Khan, in Bingaalske tiger Idris Elba (stim) Kening Louie, in reuseftige orang oetan-eftige gigantopithecus Christopher Walken (stim) Raksha, in wolvinne Lupita Nyong'o (stim) Kaa, in Yndyske pyton Scarlett Johansson (stim) Akela, in wolf Giancarlo Esposito (stim) Ikki, in wytsturtkjifstikelbaarch Garry Shandling (stim) Mowgli as pjut Kendrick Reyes heit fan Mowgli Ritesh Rajan Grize Broer, in wolvejong Brighton Rose (stim) Fred, in dwerchswyn Jon Favreau (stim) Pangolin, in Yndysk skobdier Sam Raimi (stim) Rocky, in Yndyske noashoarn Russell Peters (stim) Raquel, in Yndyske noashoarn Madeleine Favreau (stim) in nylgau Sara Arrington (stim)

Produksje en distribúsje Produksje The Jungle Book waard regissearre troch Jon Favreau nei in senario fan Justin Marks. Dat wie basearre op twa boarnen: de ferneamde ferhalebondel The Jungle Book út 1894, fan 'e Britske skriuwer Rudyard Kipling, en de tekenfilm The Jungle Book, fan 'e Walt Disney Animation Studios út 1967. Yn july 2013 waard troch Disney oankundige dat der in remake fan 'e klassiker út 1967 makke wurde soe, diskear gjin tekenfilm mar in live-actionfilm oanfolle mei fotoreälistyske animearre special effects.

Regisseur Favreau, dy't as bern de orizjinele film sjoen hie, wie him der bewust fan dat it tige nau lústere om mei de remake de juste toan oan te slaan. Hy behold dêrom it meastepart fan it ferhaal fan 'e oarspronklike film en foege ek ferskate ferskes út it orizjineel ta, dat ommers in musical wie. Sa sjonge Mowgli (Neel Sethi) en Baloo (Bill Murray) yn 'e film The Bare Necessities (skreaun troch Terry Gilkyson), wylst I Wan'na Be Like You en Trust in Me (beide skreaun troch de bruorren Sherman) yn 'e film songen wurde troch Kening Louie (Christopher Walken), resp. Kaa (Scarlett Johansson). Favreau keas der lykwols foar om fan syn film gjin musical te meitsjen.

Twa grutte oanpassings dy't Marks yn oerlis mei Favreau oan it ferhaal oanbrocht, binne it geslacht fan 'e Yndyske pyton Kaa en de ein fan 'e film. Favreau fûn dat de orizjinele film tefolle manlike personaazjes en te min frouliken hie, dat hy makke fan Kaa, oarspronklik in manlik personaazje, in wyfke en caste Scarlett Johansson yn dy rol. Oan 'e ein fan 'e oarspronklike film wurdt Mowgli troch Bagheera en Baloo einlings en te'n lêsten by it minskedoarp ôflevere. Hy akselet noch altyd tsjin en wol wer werom nei it wâld. Yn ien fan 'e memorabelste passaazjes fan 'e film sjocht er dan lykwols in famke fan syn eigen jierren dat wetter hellet by de rivier. Hy rekket er op slach fereale, en folget har nei it doarp. Yn 'e remake bliuwt Mowgli by Bagheera en Baloo yn it wâld, in feroaring dy't nei alle gedachten ynjûn waard om in ferfolchfilm mooglik te meitsjen.

As produsinten wiene Favreau en Brigham Taylor by it remakeprojekt belutsen foar de filmstudio Walt Disney Pictures en Fairview Entertainment. Foar de film wie in mânsk budget beskikber fan $175 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Bill Pope, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Debney.

Opnamen De opnamen foar The Jungle Book waarden yn 2015 beävensearre en fûnen yn har gehiel plak yn 'e Los Angeles Center Studios yn 'e binnenstêd fan Los Angeles. De iennichste live-action-akteurs yn 'e film wiene Neel Sethi as Mowgli, en, yn in flashback, Ritesh Rajan as Mowgli syn heit en Kendrick Reyes as de jonge(re) Mowgli. Alle dierlike personaazjes waarden folslein mei special effects kreëarre op basis fan motion-capturetechniken. Eksimplaren fan krapoan santich ûnderskate bistesoarten út Yndia komme yn 'e film foar, wêrfan't ferskaten 150% grutter foarsteld wurde as dat se eins binne. De special effects waarden produsearre troch de Moving Picture Company (MPC) en it Nijseelânske bedriuw Weta Digital.

Distribúsje