De Los Angeles Center Studios binne in studiokompleks yn 'e binnenstêd fan Los Angeles, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. It bedriuw waard yn 1999 iepene op it plak fan it âlde Union Oil Center.
Skiednis Op it perseel oan 450 South Bixel Street yn 'e buert Central City West, dêr't de Los Angeles Center Studios no sitte, wie foarhinne it Union Oil Center fêstige. Dat wie it haadkertier fan 'e Union Oil Company of California, better bekend ûnder de ôfkoarting Unocal. It haadgebou waard yn april 1958 iepene. De toer waard ûntwurpen troch arsjitekt William Pereira. Yn 1996 gie Unocal derwei. Nei in konstruksjefaze wêrby't gâns nijbou dien waard en it âlde Unocal-gebou folslein renovearre waard, giene de Los Angeles Center Studios yn 1999 iepen.
Fasiliteiten De Los Angeles Center Studios omfetsje seis soundstages. Op it backlot, dat in oerflak hat fan 8 hektare foar it dwaan fan bûtendoaropnamen, binne tsien gebouwen, trije fêste filmsets yn 'e foarm fan strjitten (mei bebouwing) en in park oanlein. Dêrnjonken omfiemet it studiokompleks ek wurkplakken foar it meitsjen fan dekôrstikken, kantoarromte, klaaikeamers, romten foar fisazjy en hierstilearring en fasilititeiten foar postproduksjewurk lykas filmmontaazje.
Produksjes Foarbylden fan produksjes wêrfoar't alteast in diel fan 'e opnamen yn 'e Los Angeles Center Studios plakfûn hawwe, binne de biografyske film Dreamgirls (2006), de tillefyzjesearje Numb3rs (2005–2010) en de Disney-remake The Jungle Book (2016).
Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Los Angeles Center Studios
Kategory:Film- en telefyzjestudiokompleks yn de Feriene Steaten Kategory:Bouwurk yn Los Angeles Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1999 Kategory:Bouwurk út 1958 Kategory:Bouwurk út 1999