The African Queen is in Amerikaansk-Britske romantyske aventoerefilm yn Technicolor út 1951 ûnder rezjy fan John Huston. De haadrollen waarden spile troch Humphrey Bogart en Katharine Hepburn. De titel betsjut "De Afrikaanske Keninginne" en ferwiist nei de namme fan in boat. De film waard basearre op 'e roman mei deselde namme fan C.S. Foresteer. It ferhaal giet oer de suster fan in Britske sindeling yn Dútsk-East-Afrika, dy't yn 1914, by it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch, in Kanadeeske skipper oerhellet om te besykjen in Dútske kanonnearboat út te skeakeljen. Dy behearsket nammentlik in strategysk leine mar en behinderet dêrmei in Britske ynfal yn 'e Dútske koloanje. The African Queen krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film waard nominearre foar fjouwer Oscars. Bogart wûn de priis foar bêste akteur. Tsjintwurdich wurdt de film as in klassiker beskôge. Yn 1994 waard The African Queen opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register.
Plot Samuel Sayer is in Ingelsman dy't mids 1910-er jierren al tsien jier as sindeling wurket yn 'e koloanje Dútsk-East-Afrika (no Tanzania). Syn ûntroude suster Rose wennet by him yn en tsjinnet as syn húshâldster, assistinte en oargeliste. De post en foarrieden foar harren misjepost Kungdu wurde ienris yn 'e moanne ôflevere troch Charlie Allnut, in Kanadeeske hampelman dy't de skipper is fan in lytse steamboat, de African Queen. Allnut is net botte ferfine yn syn hâlden en dragen en syn fleurige mar lompe oanwêzigens wurdt troch de Sayers mei tsjinnichheid dulde.
Yn augustus 1914 bringt Allnut de Sayers it nijs dat der yn Jeropa oarloch útbrutsen is tusken û.m. it Feriene Keninkryk en it Keizerryk Dútslân. Dat betsjut dat de Sayers har no op 'e gerjochtichheid fan in fijannich lân befine. Nettsjinsteande dat beslute se om yn Kungdu te bliuwen. Mar dyseldichste deis noch arrivearje der in pear Dútske ofsieren mei in peloton koloniale troepen, dy't de misjepost en it dêromhinne groeide doarp platbrâne en de lânseigen ynwenners fuortfiere om ronsele te wurden as soldaten. As Samuel Sayer dêrtsjin protestearret, wurdt er mei de kolf fan in gewear yn it gesicht huft, dat er derhinne falt. Letter, as er wer by besleur komt, docht bliken dat er net alhiel mear goed by de holle is. Hy kriget koarts en begjint te dwyljen, en de oare moarns ier komt er te ferstjerren. Allnut keart dy deis werom mei de African Queen, mei't er fan 'e lânseigen befolking oer de ynfal fan 'e Dútsers heard hat. Hy helpt Rose en begraaf har broer, en dêrnei nimt er har oan board fan syn steamboat om har nei in plak te bringen dêr't se wei weromkin nei Jeropa.
Wylst se stadich de rivier ôfsakje, merkt Allnut op in stuit tsjin Rose op dat de Britten gjin ynvaazje fan Dútsk-East-Afrika útfiere kinne om't alle tagongswegen tichtset binne troch ûnbegeanber tropysk reinwâld. Se soene inkeld oer de grutte mar farre kinne dêr't de rivier yn útmûnet, mar dêr hawwe de Dútsers in mânske kanonnearboat postearre, de Königin Luise, bewapene mei de grutste kanonnen yn dit diel fan Afrika. Rose, dy't sint op wraak op 'e Dútsers foar de ferwoastging fan har libben, fettet it idee op om mei de African Queen nei de mar te farren, troch ferskate ûnbefarber achte streamfersnellings hinne. Mei eigenmakke torpedo's fan it springstof (bedoeld foar de mynbou) en de soerstofflessen dy't de African Queen ferfiert, soene se dan de Königin Luise ta sinken bringe kinne. Allnut liket dat earst wol nei fleanen, mar Rose kin him mei wurden wol oer, dat úteinlings lit er him beprate.
Allnut lit Rose it roer betsjinje wylst er sels mei de steammasine dwaande is. Nei't se de earste streamfersnellings passearje en dêrby minimaal wetter meitsje, fielt Rose har rjochtfeardige yn har ûnderstelling dat har plan útfierber is. Boppedat is it passearjen fan 'e streamfersnellings it spannendste dat se ea dien hat, dat se is alhiel útskroeven oer de ûnderfining. Allnut warskôget har lykwols dat de oare streamfersnellings folle gefaarliker binne en dat se boppedat earst in Dútsk fort foarby moatte. Hy hat him ûnderwilens betocht en wol net fierder. Rose neamt him in liger, om't er syn wurd brekt. By wize fan ferjilding jit se alle flessen jenever oerboard dy't by de lading hearre (en dêr't Allnut út en troch graach in slokje fan nimme mei). Lang om let jout Allnut ta en sette se de reis nei de mar fuort.
By Fort Shona besykje Allnut en Rose om sa fluch mooglik foarby te farren, mar as de Dútsers foar it ferstân krije dat se net fan doel binne om ho te hâlden, iepenje se it fjoer. De boiler rekket skansearre en in hegedrukslang rekket los, sadat se alle faasje ferlieze. Allnut weaget syn libben om 'e slang wer oan te sluten. In Dútske ofsier mei in skerpskuttersgewear kriget him yn it fizier, mar krekt as er him deasjitte sil, skynt de sinne him yn 'e eagen en sjocht er neat mear, sadat er it oerjaan moat.
De African Queen wurdt net troch de Dútsers efterfolge om't fuort foarby Fort Shona de twadde rige streamfersnellings begjint. Diskear giet it oansjenlik mâlder, en de boat makket in protte wetter, dat neitiid wer oerboard eazge wurde moat. As se ek de twadde streamfersnellings oerlibbe hawwe, jûchheie Allnut en Rose en krûpe inoar yn útlittenens oan, mei as gefolch dat se inoar foar it earst seksueel gewaarwurde. Se besykje harren âlde, ôfhâldige wize fan omgean wer oan te nimmen, mar tsjin 'e jûn eskalearret in yn 't earstoan ûnbewuste oanrekking ta in ynlike tút. Dy nachts sliepe se tegearre en tsjin 'e oare moarn binne se in pearke wurden.
De trêde rige streamfersnellings is fierwei de swierste. De African Queen giet by it passearjen dêrfan op in hier nei te sink en komt fol wetter te stean. Nei't Allnut en Rose dat der allegearre út eazge hawwe, docht bliken dat de romp noch hiel is, mar de skroefstange is ferbûgd en fan 'e skroef is ien fan 'e trije blêden ôfbrutsen. Nei in idee fan Rose set Allnut op 'e wâl in primitive smeltûne op. Hy ferhjittet de stange oant er dy mei de hammer rjocht slaan kin en lasket in nij blêd oan 'e skroef.
Sa kinne se wer fierder, mar op it plak dêr't de rivier útmûnet yn 'e mar ferdwale se in yn sompe fan mear as mânselheech reid. De African Queen komt fêst te sitten yn 'e drek en alles liket ferlern, mei't Allnut en Rose net beseffe dat se mar in fyftich meter fan 'e iepen wetters fan 'e mar ôf binne. Sûnder drinkber wetter rekket Allnut oanhelle mei koarts, sadat er it bewustwêzen ferliest. Rose begrypt dat se hjir stjerre sille as der gjin wûnder bart. Se bidt oan God om útkomst foar't se der sels ek hinne falt. Dy nachts begjint it streamop te stjalpreinen, en tsjin 'e moarn berikt al it wetter de mûning fan 'e rivier, dêr't de African Queen mei syn sliepende opfarrenden oer de drek hinne tild en nei de mar ta spield wurdt.
Wannear't se wekker wurde, witte Allnut en Rose net wat se sjogge as se beseffe dat se dochs noch op 'e mar bedarre binne. Mar se sette daliks útein mei it tarieden fan harren torpedo's. Om't se gjin meganismen hawwe om 'e wapens mei ôf te fjurjen en se nei har doel te lieden, beslute se de African Queen te brûken. Se meitsje in pear gatten yn 'e foarstjûne fan 'e boat, dêr't se de torpedo's trochhinne stekke. As se no by nacht de Königin Luise benei komme kinne en by it oare skip opfarre, sil in yngenieus mar primityf ûntstekkingsmeganisme dat troch Allnut betocht is, derfoar soargje dat beide boaten de loft yn geane. Wannear't se by nacht de mar opfarre om 'e Königin Luise op syn fêste surveillânserûte oer it mad te kommen, docht lykwols bliken dat it waar fiersten te wyld is. De weagen klotse by de foarstjûne fan 'e African Queen op, sadat de boat folrint fia de torpedogatten. Lang om let kapseist de boat en reitsje Allnut en Rose te wetter. Yn it tsjuster ferlieze se inoar út it each.
De oare moarns docht bliken dat Allnut it gefaarlike nachtlike aventoer oerlibbe hat en oppikt is troch de bemanning fan 'e Königin Luise. Oan board wurdt er ûnderfrege troch de kaptein en de oare ofsieren. Mei't er yn 'e oertsjûging ferkeart dat Rose ferdronken is, hat it libben foar him gjin sin mear. Dêrom besiket er net en ferdigenje himsels tsjin 'e beskuldiging dat er in Britske spion is. De kaptein feroardielet him ta de dea troch ophinging. Krekt op dat stuit is der leven as inkele matroazen yn in roeiboat Rose oan board fan 'e Königin Luise bringe, dy't se út 'e mar opfiskje hawwe. De kaptein ûnderfreget har ek, en as se foar it ferstân kriget dat Allnut de deastraf al oplein krigen hat, bekent se har plan om 'e Königing Luise op te blazen, sadat se tegearre stjerre kinne. De kaptein jout har har sin en feroardielet ek har ta de dea.
Wannear't se letter op it dek steane mei de strûpe al ree, freget Allnut de kaptein om harren te trouwen foar't se eksekutearre wurde. De kaptein stimt dêryn ta en lasket in tige koarte houliksseremoanje yn, dy't einiget mei in tút fan it breidspear. As it dêrnei dan echt heve sil mei de dûbele terjochtstelling, fart de Königing Luise oer it frijwol hielendal ûnder wetter omdriuwkeljende wrak fan 'e African Queen hinne. De romp fan 'e Königin Luise rekket de torpedo's, dy't ôfgeane en ûnder de wetterline in grut gat yn 'e Dútske kanonnearboat slane. It skip kapseist en alle opfarrenden reitsje te wetter. Allnut en Rose meitsje fan 'e gaos gebrûk om tegearre al swimmend út te piken.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Charlie Allnut Humphrey Bogart Rose Sayer Katharine Hepburn
byrollen personaazje akteur/aktrise dû. Samuel Sayer Robert Morley kaptein fan 'e Königin Luise Peter Bull earste ofsier fan 'e Königin Luise Theodore Bikel twadde ofsier fan 'e Königin Luise Walter Gotell earste ofsier fan Fort Shona Peter Swanwick twadde ofsier fan Fort Shona Richard Marner
Produksje en distribúsje Produksje Produksje en distribúsje Produksje The African Queen waard regissearre troch John Huston nei in senario fan himsels, James Agee, Peter Viertel en John Collier op basis fan fan 'e roman The African Queen fan C.S. Forester, út 1935. As produsinten wiene Sam Spiegel en John Woolf by it projekt belutsen foar de filmstudio's Horizon Pictures en Romulus Films. Dêrmei wie The African Queen in Amerikaansk-Britske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $1 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Jack Cardiff, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Allan Gray.
It skript foar de film waard ferskate kearen oanpast. De filmsinsuer hie beswieren tsjin ûnderskate eleminten fan it oarspronklike senario, lykas in man en in frou dy't tegearre op in boat omhúsmanje en mei-inoar sliepe sûnder troud te wêzen. Dêrom waard dat aspekt fan it ferhaal ôfswakke ta suggestjes (bgl. in byld fan lege tekkens dêr't dúdlik twa persoanen ûnder sliept hawwe, ynstee fan sjen te litten dat de haadpersoanen mei-inoar sliepe). In oare wichtige feroaring oan it skript waard trochfierd op fersyk fan haadrolspiler Humphrey Bogart. De rol dy't hy spile, fan Charlie Allnut, wie yn 'e roman en it oarspronklike senario in Londener út 'e arbeidersklasse, dy't mei in swier Cockney-aksint spriek. Bogart, in Amerikaan, fielde der lykwols neat foar om him dêroan te weagjen, dat doe waard fan Allnut ynstee in Kanadees makke.
The African Queen waard foar in diel finansierd troch de bruorren John en James Woolf fan Romulus Films, dat in Britsk bedriuw wie. Michael Balcon, in adviseur fan 'e Nasjonale Filmfinansieringskorporaasje (NFFC), rikkemandearre de NFFC oan om in liening oan 'e bruorren Woolf te wegerjen as de haadrollen yn 'e film net taparte waarden oan 'e Ingelske akteurs John McCallum en Googie Withers ynstee fan oan 'e Amerikanen Humphrey Bogart en Katharine Hepburn, dêr't de bruorren Woolf har sinnen op set hiene. De Woolfs wisten lykwols John Reith, 1e baron Reith, de foarsitter fan 'e NFFC, te bepraten om it advys fan Balcon oan kant te reagjen, en sa koe de film trochgean.
Opnamen