De wetterpiper (Anthus spinoletta), ek wol strânpiper, is in sjongfûgel út 'e famylje fan 'e wipsturt- en piperfûgels.

Ferskining thumb|left|Wetterpiper. De wetterpiper is in fûgel fan sa’n 16 sm lang en dêrmei wat grutter as in mosk. De fûgel hat in griis-brune, streke rêch en griiseftige kop mei in ljochte eachstreek. It boarst is gieleftich rôze en de búk is fealwyt.

Fersprieding en taksonomy thumb|Anthus spinoletta spinoletta De fûgels briede yn Sintraal- en Súd-Jeropa, en West- en Sintraal-Aazje. Se oerwinterje yn West- en Súd-Jeropa en subtropysk Aazje.

De wetterpiper wurdt yn trije ûndersoarten ferdield: Anthus spinoletta spinoletta ('Jeropeeske wetterpiper') : Midden- en Súd-Jeropa Anthus spinoletta coutelli ('Kaukasuswetterpiper'): Turkije, Kaukasus en Noard-Iran Anthus spinoletta blakistoni ('Aziatyske wetterpiper'): Sintraal-Aazje

Nederlân Yn Nederlân komt de wetterpiper allinnich foar as wintergast (5.000-10.000 jierliks) en trochtrekker (2.000-10.000 jierliks). Yn 'e winter binne de measte wetterpipers by de grutte rivieren en de Hollânske en Flevolânske plassen te fine. In Fryslân is de wetterpiper in frij seldsume trochtrekker en wintergast.

Ekology Wetterpipers migrearje net echt fan noard nei súd, mar mear nei legere gebieten. Healwei septimber ferlitte se it briedgebiet, somtiden yn gruttere groepen mar faak allinnich.

De wetterpiper briedt op skean lizzende berchgreiden boppe de 1.000 meter, mar kin ek oant in hichte fan 3.000 meter boppe seenivo foarkomme. Hy briedt ek yn leechlizzend terrein by fochtige greiden, en by modderige of sânige see- en mariggen. Winterdeis sykje se kustgebieten, rivieriggen, sompen en wiete ekers op.

Briedtiid De briedtiid begjint ein april en einiget begjin july. Oer it generaal hat de wetterpiper twa lechsels. It nêst wurdt meast op 'e grûn makke en is faak ferburgen yn it gers of tusken stiennen. In lechsel bestiet yn 'e regel út fjouwer oant seis griiswite aaikes mei dúdlike brune en blaugrize plakken. It wyfke briedt 14 oant 15 dagen op 'e aaien. Dêrnei wurde de piken troch beide âlden fersoarge en bliuwe se 14 oant 15 dagen yn it nêst. De piken kinne dan noch net goed fleane en bliuwe noch sa'n ien oant twa wiken tichteby it nêst.

Iten It iten bestiet út op 'e grûn libjende ynsekten, wjirms en slakken.

Status en bedrigingen De wetterpiper hat in tige grut ferspriedingsgebiet, in tige grutte populaasje en in stabile populaasjetrend. Ek de Jeropeeske populaasje is oer it generaal stabyl. Dêrom klassifisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade list. De wrâldpopulaasje wurdt tusken de tsien en 30 miljoen folwoeksen yndividuen rûsd, wêrfan't 1.620.000–3.160.000 briedende pearkes yn Jeropa.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Piper (fûgel) Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje