Nervosa is in Brazyljaanske metalband oprjochte yn 2010 yn São Paulo troch gitariste Prika Amaral en drummer Fernanda Terra. De band brocht yn 2014 syn debútalbum Victim of Yourself út. De teksten fan de band gean benammen oer de maatskippij, opstân en apokalyps. Nervosa hat fiif studio-albums útbrocht.
Skiednis Yn de rin fan de jierren hat Nervosa in protte bandleden ferspile. Fernanda Terra ferliet yn 2012 de band krekt nei't se harren in demo mei de namme "2012" útbrocht hiene, sy waard ferfongen troch Jully Lee, dy't op har beurt wer ferfongen waard troch Pitchu Ferraz. Yn dizze besetting waard yn 2014 it debútalbum "Victim of Yourself" útbrocht.
Yn april 2020 ferlieten bassist en sjonger Fernanda Lira en drummer Luana Dametto Nervosa en begûnnen harren eigen band Crypta; Amaral beskreau de splitsing as minlik en allinnich basearre op muzikale mieningsferskillen. Se waarden ferfongen troch sjongeres Diva Satanica fan Bloodhunter, bassiste Mia Wallace earder fan de band fan sjonger Abbath en drummer Eleni Nota. Mei dy nije besetting naam Nervosa as fjouwertal harren fjirde studio-album "Perpetual Chaos" op. metalfan.nl, 26-4-2020, Tweederde van Nervosa stapt op metalfan.nl 6-5-2020, Nervosa is weer compleet metalfan.nl, 20-5-2020, Nieuwe band van ex-Nervosa-leden
Ein augustus 2022 waard oankundige dat drummer Eleni Nota de band ferlitten hie fanwegen sûnensproblemen en ferfongen waard troch Nanu Villalba. Minder as fjouwer moanne letter, nei it ôfmeitsjen fan de Súd-Amerikaanske toernee, waard oankundige dat Villalba de band alwer ferlitten hie fanwegen "ferskillen fan ynsjoch". Yn jannewaris 2023 waard oankundige dat Helena Kotina har by de band foege as twadde gitarist. It waard dúdlik dat se har al yn maart 2021 by de band oansletten hie, in pear moannen neidat de band "Perpetual Chaos" útbrocht hie. Der waard ek oankundige dat de band yn septimber 2022 ôfskied naam hie fan sjongeres Diva Satánica. metalfan.nl, 3-2-2023, Zangeres verlaat Nervosa Ein maart 2023 kundige de band wer ferskate personele wikselingen oan: gitariste Prika Amaral sil yn tenei ek de sjongeres fan de band wêze, bassiste Mia Wallace is ferfongen troch Hel Pyre bassiste fan Afterblood en W.E.B., mar Wallace sil sa no en dan live noch wol meispylje. metalfan.nl, 3-3-2023, Het jaarlijkse "Nervosa heeft een nieuwe line-up"-nieuwsbericht Letter dat jier brocht de band harren fiifde studio-album út. metalfan.nl, 3-8-2023, Vijfde langspeler van Nervosa
Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label SinglesVictim of Yourself28 febrewaris 2014Napalm RecordsAgony3 juny 2016Downfall of Mankind1 juny 2018Never Forget, Never Repeat,Kill the Silence Perpetual Chaos22 jannewaris 2021Jailbreak29 septimber 2023Endless Ambition,Seed of Death,Jailbreak,Elements of Sin
Kategory:Brazyljaanske metalband Kategory:Band oprjochte yn 2010