Crypta is in Brazyljaanske metalband oprjochte ein 2019 yn São Paulo troch bassiste Fernanda Lira en drumster Luana Dametto dy't beide earder yn Nervosa spilen. Begjin 2020 wie de besetting mei gitaristes Sonia Anubis earder fan Burning Witches en Tainá Bergamaschi earder fan Hagbard kompleet en kaam de band foar it earst foar it fuotljocht. metalfan.nl, 20-5-2020, Nieuwe band van ex-Nervosa-leden De band brocht yn 2021 har debútalbum Echoes of the Soul út. Begjin 2022 waard bekend makke dat gitariste Sonia Anubis de band ferlitten hie metalfan.nl, 5-5-2022, Gitariste verlaat Crypta en ferfongen waard troch Jéssica Falchi earder fan Burn Incorporated. De teksten fan de band gean benammen oer horror en de dea. Crypta hat twa studio-albums útbrocht.
Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label SinglesEchoes of the Soul11 juny 2021Napalm RecordsStarvationShades of Sorrow4 augustus 2023
Kategory:Brazyljaanske metalband Kategory:Band oprjochte yn 2019