Annet Malherbe (Rotterdam, 23 novimber 1957) is in Nederlânske aktrise. Se waard sawol foar har rol yn Mus (1993), as yn Abel (1986) en yn Kleine Teun (1998) nominearre foar in Gouden Kalf, wylst se foar har oandiel yn de lêstneamde film ek in nominaasje ûntfong foar in European Film Award.

Biografy Nei de legere skoalle yn Zwijndrecht gie Malherbe yn 1969 yn Doardt nei de mafû. Mei har diploma yn'e bûse besleat se har oan te melden foar de Toanielskoalle yn Amsterdam. Se waard ôfwiisd om't se te jong wie. Doe't se yn 1977 opnij audysje die, waard se wol oannaam. Yn 1982 sleat se har oan by teäterselskip Baal.

Annet Malherbe spile in bystânsmem yn telefyzjesearje Mus en yn Gooische Vrouwen fertolke se de rol fan Willemijn Lodewijkx. Ek wie se te sjen as de mem fan Abeltje yn de film mei deselde namme. Yn it earste seizoen fan Lava hie se de rol fan Emanuella. Fan jannewaris 2009 ôf wie se te sjen yn 't Vrije Schaep as prostituee Dolly. Malherbe waard by it grutte publyk bekend troch har rol as juffrou Jannie yn de komeedzjesearje Debiteuren Crediteuren, in ûnderdiel fan Jiskefet.

Malherbe is troud mei akteur en regisseur Alex van Warmerdam, mei wa 't se twa bern hat: Mees en Houk. Se spilet yn it meastepart fan syn films in haadrol: Abel, De Noorderlingen, De Jurk, Kleine Teun, Borgman, Grimm en De laatste dagen van Emma Blank. Allinnich yn Ober (2006) die se net mei. Utsein yn Van Warmerdams films spilet Malherbe geregeld yn de teäterstikken dy't er mei syn groep De Meksikaanske Hond útbringt. Yn 2010 bekende Malherbe dat se yn it ferline problemen hân hie mei depresje. "Annet Malherbe houdt van puisten". De Telegraaf, 15 augustus 2010.

Op 2 septimber 2013 krige sy de Gouden Notekraker foar ûnder oare har rol yn de telefyzjerige Aaf en Moeder, ik wil bij de revue.

Film en telefyzje Abel (1986) - Sus Lava - Emanuella (1989) (allinne it 1ste seizoen) De Freules (1990) foarsitster Jiskefet (foaral yn Debiteuren Crediteuren) - Juffrou Jannie (1990-1997) De Noorderlingen (1992) - Martha Mus (1993) - Mus Op afbetaling (1993) - Mien Reunie (1994) De wachtkamer (1995) - Syn Frou De jurk (1996) - Ordinêr frommes Aan het eind van de aspergetijd (1997) Abeltje - Frou Cockle-Smith/Roef (1998) Kleine Teun (1998) - Keet Hertenkamp - Nilgun (1999) Oud Geld - Ank (1999) Beetje Laat (2000) Zus & Zo (2001) - Annet Minoes (2001) - Jakkepoes (stim) De bühne van De Bie - Coby (2001) mei Wim de Bie Loenatik de moevie - Boerin (2002) Lot (2003) - Mem Grimm (2003) - Frou fan de Boer Twee dromen (2004) - Garderobedame Gooische Vrouwen - Willemijn Lodewijkx-Verbrugge (2005-2007) Spoorloos verdwenen - Petra de Wit (Ofl. De verdwenen voetballer, 2006) SEXtet (2007) - Marie-Lou 't Vrije Schaep - Dolly (Ofl. Ik doe wat ik doe, 2009) De laatste dagen van Emma Blank (2009) - Bella Foeksia de Miniheks - Minuul (2010) Tony 10 (2012) - de keninginne Wat als? (2012) - Ferskate rollen Moeder, ik wil bij de Revue (2012) - Aagje van Woerkom Alleen maar nette mensen (2012) - mem fan David De Marathon (2012) - Nel Aaf (2013) - Aaf (tf-rige) Borgman (2013) - Brenda Lucia de B. (2014) - Ernestine Johansson Schneider vs. Bax (2015) - Gina B.A.B.S. (2017) - Layla van Weteren (tf-rige) Zuidas (2018) - Mr. Christine Meijer De matchmaker (2018) - Helen Taal is zeg maar echt mijn ding (2018) - Paula All You Need Is Love (2018) - Renee De Dirigent (2019) - Mem fan Antonia Harkum (2019) - Agnes Oogappels (2022) - Tonnie Hockeyvaders (2023) - Truus (Videoland) De droom van de jeugd (2023) - mem Rosalie Schitterend (2024) - Martien

Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Persoan berne yn 1957