Arjen Folkert Benjamin Dijkstra (Dokkum, 1979) is in skiedkundige en direkteur fan Tresoar yn Ljouwert.

Karriêre thumb|260px|Dijkstra (rjochts) by de Lancering fan it Nederlânsk Memory of the World Register by Tresoar mei de Richthofen-kolleksje Nei de havo studearre hy skiednis oan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert en studearre ôf op in skripsje oer santjinde-iuwske wiskunde oan de Universiteit fan Frjentsjer. Dijkstra studearre dêrnei skiednis oan de Ryksuniversiteit Grins (RUG) mei as spesjalisaasje de kultuerskiednis en de skiednis fan de wittenskip. Yn 2012 promovearre hy oan de Universiteit fan Twinte op it proefskrift ‘’Between Academics and Idiots, A cultural history of mathematics in the Dutch province of Friesland (1600-1700)’’.Arjen Dijkstra gepromoveerd op Between Academics and Idiots, blogspot 22 septimber 2012

Sûnt 2011 wie Dijkstra dosint oan de RUG en koördinearre hy de Scholierenacademie fan dy universiteit. Dêrby seach er nei de ynhâldlike oansluting tusken vwo en universiteit. Dêrneist die er histoarysk ûndersyk by de ôfdieling Frysk. Sûnt 2018 stie it Universiteitsmuseum ûnder syn lieding. Dijkstra begelate yn dy funksje de werynrjochting fan it museum.

Op 1 oktober 2022 waard er as direkteur beneamd by Tresoar as opfolger fan Bert Looper.

Skriuwer Syn ûndersyk nei de skiednis fan it Frjentsjerter planetarium late ta in biografy fan de Fryske astronoom Eise Eisinga mei as titel De Hemelbouwer.

Mei Mark Hektor skreau er It Himelbouwerke, in berneboek oer it ûntstean fan it Frjentsjerter Planetarium. Yn datselde jier ferskynde De jonge filosoof oer de jonge Fryske haadpersoan David Gorlaeus dy’t lang ferlyn filosofyske fragen stelde. It boekje ûntstie doe’t Dijkstra ien fan organisators wie fan it kongres oer David Gorlaeus.

Bibliografy De Hemelbouwer. Een biografie van Eise Eisinga, útjouwerij Noordboek (2021); ISBN 9789056157890 Arjen Dijkstra en De Hemelbouwer, Parseburo It Amelân, 14 oktober 2021

Berneboeken Het Hemelbouwertje, útjouwerij Noordboek (2022); ISBN 9789056158514 De jonge filosoof, útjouwerij Noordboek (2022); ISBN 9789056159368

Kategory:Frysk romanskriuwer Kategory:Frysk berneboekeskriuwer Kategory:Frysk skiedkundige Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Persoan berne yn 1979