Shane Patrick Lysaght MacGowan (Pembury, 25 desimber 1957 – Dublin, 30 novimber 2023) wie in Iersk sjonger. Hy waard benammen bekend fan de band The Pogues.
Karriêre Yn syn jonge jierren ynspirearren de Sex Pistols Shane MacGowan om syn earste eigen band te begjinnen: The Nipple Erectors, koartwei The Nips. Yn 1976 krige er efkes nasjonale bekendheid, doe't er by in konsert fan de doetiids krekt oprjochte band The Clash hurd yn syn ear biten waard troch Jane Crockford, ien fan de lettere leden fan The Mo-dettes. Yn 1984 rjochte er tegearre mei in part fan syn âlde bandleden fan The Nips in nije band op, The Pogues, dêr't er yn de jierren dêrnei in stik mear bekendheid mei krige.
MacGowan wie in oertsjûge foarstanner fan it rekreatyf brûken fan drugs, en ek alkohol, al wie er wol uterst kritysk oangeande heroïne, it iennige genotsmiddel dêr 't er nei eigen sizzen " in probleem " mei hân hat. Mei troch tadwaan fan Sinéad O'Connor, dy't him oanjoech by de plysje yn in besykjen om him fan de heroïne ôf te helpen, rekke er dêrfan ôfkickt.
Shanes oermjittich alkoholgebrûk wie ien fan de wichtichste redenen fan syn ûnfrijwillich opstappen by The Pogues begjin jierren njoggentich. Hy rjochte dêrop in nije band op, Shane MacGowan and The Popes, wêrmei 't er yn 1995 op Pinkpop optrede. Dat optreden ferrûn lykwols net goed, MacGowan moast noch foardat alle nûmers spile wiene fan it poadium helle wurde.
Sûnt 2001 joegen The Pogues ynklusyf MacGowan wer konserten. Neffens syn libbenspartner Victoria Mary Clarke wie syn alkoholferslaving wis noch net foarby, mar dronk er wol minder. By in optreden yn it Olympia Theatre yn Dublin yn septimber 2002 poadium stie er te koarjen op it poadium.
Priveelibben Shane MacGowan waard yn it Ingelske graafskip Kent berne, as soan fan Ierske ymmigranten, berne. MacGowan hie in lange skiednis fan drankswietens, en hy wie jierrenlang in mear as stevige drinker. Yn desimber 2022 waard MacGowan yn it sikenhûs opnaam mei in in ûntstekking fan it harsenweefsel, Shane MacGowan ferstoar op 30 novimber 2023, yn 'e âldens fan 65 jier nei in lang siikwezen.
Diskografy Albums Album Utbrocht op Band Single(s) Red Roses for Me15 oktober 1984The PoguesDark Streets of London,Boys from the County HellRum Sodomy & the Lash5 augustus 1985A Pair of Brown Eyes,Sally MacLennane,Dirty Old TownIf I Should Fall from Grace with God18 jannewaris 1988Fairytale of New York (mei Kirsty MacColl),If I Should Fall from Grace with God,FiestaPeace and Lovejuly 1989Misty Morning, Albert Bridge,White City,LoreleiHell's Ditch1 oktober 1990Summer in Siam,SayonaraThe Snake1994Shane MacGowan and the PopesThe Crock of Gold1997
Kategory:Iersk sjonger Kategory:Iersk rockartyst Kategory:Persoan berne yn 1957 Kategory:Persoan stoarn yn 2023