Laura Macrì (Caltanissetta, 29 juny 1990) is in Italjaanske sopraan. Se is bekend as sjongeres fan de metalband MaYaN.

Macrì hat studearre oan de Conservatorio di Musica Statale V. Bellini di Caltanissetta, en hat ferskate muzykprizen wûn. Nei har stúdzje hat se mei ferskate opera's op 'e planken stien wêrûnder La bohème, Carmen en Le nozze di Figaro, dêrnjonken hat se toernee west mei de Italjaanske tenor Andrea Bocelli. Yn 2011 wie se ien fan de gastmuzikanten op it debútalbum fan MaYan; yn 2013 waard bekend dat se fêst bandlid wurden wie fan dizze band. Macrì brocht yn 2017 har earste solo album út Terra. Mei MaYan hat Macrì yntusken twa studio-albums útbrocht.

Laura Macrì hat in relaasje mei de Nederlânske gitarist Mark Jansen, sy hat mei him in dochter.

Diskografy Albums Album Utbrocht op Band Single(s) Antagonise4 febrewaris 2014MaYaNTerra2017Laura MacrìAncora una volta,Viva la vita,Sempre Dhyana21 septimber 2018MaYaNThe Rhythm of Freedom

As gastmuzikant Single(s)nûmer Album Utbrocht yn Mei band The Savage Massacre - In the Eyes of the Law: Pizzo,Essenza di te,Celibate AphroditeQuarterpast2011MaYaNRequiem for the Indifferent2012EpicaTimeDe Rerum Natura2019Moonlight HazeThe Cult of MysteryViridian2020Temperance

Kategory:Italjaansk metalartyst Kategory:Italjaansk operasjonger‎ Kategory:Sisyljaansk persoan Kategory:Persoan berne yn 1990