Arjen J. Dykstra (Nes, 1974) is adviseur by de Rijksdienst voor Ondernemend Nederland.
Karriêre Dykstra is hikke en tein yn Nes by Dokkum en studearre oant 1997 oan it Van Hall Ynstitút Nederlânske Lânbou en Plantentylt. Nei syn stúdzje waard hy meiwurker en projektsekretaris by it Ministearje fan Lânbou, Natoer en Fiedselkwaliteit.
Sûnt 2008 is Dykstra adviseur foar de Rykstsjinst foar Undernimmend Nederlân (RVO.nl).
Dykstra die in soad oan famyljeûndersyk en de geakunde fan noardeastlik Fryslân.
Beweger As bestjoerslid is hy sûnt 2017 ponghâlder fan de Ried fan de Fryske Beweging en belutsen by it Frysk Bûsboekje en it eardere tydskrift De Nije fan De Fryske Beweging. Fryslânfûns.frl
Skriuwer Dykstra skreau in soad foar it histoarysk blêd De Sneuper en wurke mei oan it boek Geschiedenis van de Veehandel en Veemarkten in Friesland, dat yn april 2022 ferskynde. Hy skreau it boek yn de mande mei Dirk-Jan Pilat en Minie Baron. It boek beskriuwt de skiednis fan de Fryske feehannel, en jout omtinken oan de ekonomyske en sosjale aspekten, de ynfrastruktuer en de logistyk.
Yn in rige artikels op It Nijs skreau er oer de skiednis fan de Dongeradielen (Dongeradiel yn beweging) en oer de Fryske Beweging (Fryske Beweging griis? Echt net!).
Oare aktiviteiten Dykstra is sûnt 2010 siktaris fan it Feitsma Fûûns fwar it Frysk en waard yn 2012 ponghâlder fan de Histoaryske Feriening Noardeast-Fryslân.
Bibliografy Geschiedenis van de veehandel en veemarkten in Friesland mei Mei Dirk-Jan Pilat en Minie Baron. Útjouwerij Noordboek (2022) ISBN: 9789056158606
Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk publisist Kategory:Frisiast Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Persoan berne yn 1974